- 4 -
Sûnder diskusje en persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel be-
sletten.
4Utstel ta it machtigjen foar it oangean fan koartrinnenda finansiering
foar it jier 2000.
Mevrouw Van den Berg wil graag weten welke de andere overheidsinstellin
gen zijn. Het lijkt haar fractie verstandig het treasurebeleid te ontwik
kelen en dat op papier te zetten.
De hear Postma seit dat syn fraksje ynstimme kin mei it utstel mei de op
merking dat yn de earsatfolgjende gearkomste fan de kommisje Algemiene
Saken it treasurebelied oan 'e oarder komt.
De foarsitter seit dat ta. Fanút it kabinet sit der ek in ûntwerp fan wet
oan te kommen oer it treasurebelied. It kolleezje sil de deeglike line
dy't oant no ta fierd is trochsette. As der kontakten mei oare banken
komme sil dêr yn de kommisje oer praten wurde.
Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten.
5. Utstel ta ferkeap fan oandielen N.V. Bouwfonds Nederlandse Gemeenten.
De hear Postma seit dat syn fraksje ynstimme kin mei de ferkeap fan de
oandielen ûnder de betingst dat de aktiviteiten fan it BFB(Bouwfonds
Fondsen Beheer) foldwaande waarborgd wurde sille. Der is wat ûndúdlikheid
oer it krekte oantal oandielen: 103 as 10300. It is no sa dat der yn de
jierlikse eksploitaasje f 150.000,00 dividend opnommen is. Der sil wol
rekken mei hâlden wurde moatte dat dat aanst ferfalt. Syn fraksje liket
it bést aardich in part fan it bedrach te besteegjen yn it nije gemeente-
kantoar. By punt 3 fan it beslút is sprake fan antisipearjend belied omt
pas yn de twadde fan 2000 dúdlik wêze sil oft de transaksje al as net
trochgiet. It liket syn fraksje it meast korrekt de feitelike sitewaasje
fan 31 desimber te hanthavenjen.
De hear Rooida seit dat it karakter fan it Bouwfonds troch de jierren
hinne hiel bot feroare is. It Bouwfonds hat in wichtige rol ferfolle yn
it eigen wentebesit ek foar de legere ynkommens. Hjoeddedei bringt it
kommersjele tinken mei dat ek it Bouwfonds de merk op moat. Yn dy Ontwik
keling past dielname fan gemeenten net mear. Der bliuwe noch in tal fün-
sen bûten dizze ferkeap en sa bliuwt der ek noch in stik maatskiplike be-
lutsenheid. ABN AMRO hat in goed bod dien. It bedrach fan 6 miljoen soe
goed brûkt wurde kinne foar it op peil bringen fan reserves en foar de
OSG en it gemeentekantoarBy dizze begrutting binne in tal saken insi—
denteel dekt. Dat soe dan moai omsetten wurde kinne yn in strukturiele
dekking.
De heer Smittenberg sluit zich aan bij de woorden van de heer Roorda over
de geschiedenis van het Bouwfonds. Hij wil echter niet op de voorjaarsno
ta vooruitlopen door nu al een aantal bestemmingen te noemen.
De hear Van der Baan nimt plak.
De hear Aukes hat begrepen dat der nei 15 oktober noch in oantrekliker bod
útbrocht is.
Mefrou Veldstra seit dat har fraksje ynstimt mei it útstel. Sy wol
lykwols net foarútrinne op de besteging fan de frijkommende jilden.
De foarsitter seit dat yn it listke dat yn de kommisje oan 'e oarder west
hat it krekte oantal oandielen stiet. It feit dat it BFB bûten de ferkeap
bliuwt sil yn it beslút opnommen wurde. Der binne krekte wurden oer de
skiednis fan it Bouwfonds sprutsen. As der yndied noch in heger bod dien