- 4 - Sûnder diskusje en persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel be- sletten. 4Utstel ta it machtigjen foar it oangean fan koartrinnenda finansiering foar it jier 2000. Mevrouw Van den Berg wil graag weten welke de andere overheidsinstellin gen zijn. Het lijkt haar fractie verstandig het treasurebeleid te ontwik kelen en dat op papier te zetten. De hear Postma seit dat syn fraksje ynstimme kin mei it utstel mei de op merking dat yn de earsatfolgjende gearkomste fan de kommisje Algemiene Saken it treasurebelied oan 'e oarder komt. De foarsitter seit dat ta. Fanút it kabinet sit der ek in ûntwerp fan wet oan te kommen oer it treasurebelied. It kolleezje sil de deeglike line dy't oant no ta fierd is trochsette. As der kontakten mei oare banken komme sil dêr yn de kommisje oer praten wurde. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 5. Utstel ta ferkeap fan oandielen N.V. Bouwfonds Nederlandse Gemeenten. De hear Postma seit dat syn fraksje ynstimme kin mei de ferkeap fan de oandielen ûnder de betingst dat de aktiviteiten fan it BFB(Bouwfonds Fondsen Beheer) foldwaande waarborgd wurde sille. Der is wat ûndúdlikheid oer it krekte oantal oandielen: 103 as 10300. It is no sa dat der yn de jierlikse eksploitaasje f 150.000,00 dividend opnommen is. Der sil wol rekken mei hâlden wurde moatte dat dat aanst ferfalt. Syn fraksje liket it bést aardich in part fan it bedrach te besteegjen yn it nije gemeente- kantoar. By punt 3 fan it beslút is sprake fan antisipearjend belied omt pas yn de twadde fan 2000 dúdlik wêze sil oft de transaksje al as net trochgiet. It liket syn fraksje it meast korrekt de feitelike sitewaasje fan 31 desimber te hanthavenjen. De hear Rooida seit dat it karakter fan it Bouwfonds troch de jierren hinne hiel bot feroare is. It Bouwfonds hat in wichtige rol ferfolle yn it eigen wentebesit ek foar de legere ynkommens. Hjoeddedei bringt it kommersjele tinken mei dat ek it Bouwfonds de merk op moat. Yn dy Ontwik keling past dielname fan gemeenten net mear. Der bliuwe noch in tal fün- sen bûten dizze ferkeap en sa bliuwt der ek noch in stik maatskiplike be- lutsenheid. ABN AMRO hat in goed bod dien. It bedrach fan 6 miljoen soe goed brûkt wurde kinne foar it op peil bringen fan reserves en foar de OSG en it gemeentekantoarBy dizze begrutting binne in tal saken insi— denteel dekt. Dat soe dan moai omsetten wurde kinne yn in strukturiele dekking. De heer Smittenberg sluit zich aan bij de woorden van de heer Roorda over de geschiedenis van het Bouwfonds. Hij wil echter niet op de voorjaarsno ta vooruitlopen door nu al een aantal bestemmingen te noemen. De hear Van der Baan nimt plak. De hear Aukes hat begrepen dat der nei 15 oktober noch in oantrekliker bod útbrocht is. Mefrou Veldstra seit dat har fraksje ynstimt mei it útstel. Sy wol lykwols net foarútrinne op de besteging fan de frijkommende jilden. De foarsitter seit dat yn it listke dat yn de kommisje oan 'e oarder west hat it krekte oantal oandielen stiet. It feit dat it BFB bûten de ferkeap bliuwt sil yn it beslút opnommen wurde. Der binne krekte wurden oer de skiednis fan it Bouwfonds sprutsen. As der yndied noch in heger bod dien

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 5