- 7 -
plakfine kinne as de ried dêrfoar jild beskikber steld hat. It stikje
tekst dêroer hie miskien better op in oar plak stean kinne.
De hear Van der Meulen fynt dat it kolleezje wol wat krap troch de bocht
giet. Der is op syn minst ûndúdlikheid oer de tekst fan it beslút.
Wethâlder Bouma seit dat nei de taljochting it dochs elkenien dúdlik wêze
moat wêr't it beslút krekt oer giet. Sy hat der net safolle ferlet fan
noch op de wurden fan de hear Aukes yn te gean. It is bekind hoe't de
fraksje fan de V.V.D. tinkt oer it plak fan it baggerdepot.
De hear Van der Baan wol graach de tasizzing dat net earder grün oankocht
wurde sil as dat de tasizzing fan de subsydzje hurd is.
Wethâlder Bouma seit dat der al in konseptbrief fan de provinsje mei in
tasizzing foar 22% subsydzje binnenkaam is.
Mevrouw Van den Berg wil graag hoofdelijke stemming.
Neidat der persoanlik stimd is docht bliken dat it útstel fan it kollee
zje mei 14 stimmen foar en 2 dêrtsjin oannommen is. Tsjinstimd hawwe de
leden Aukes en Santema.
8. Utstel ta it festigjen fan in saaklik rjocht fan opstal oangeande de
Jachthaven yn Warten.
De heer De Jong zegt dat zijn fractie graag zou willen dat er iets meer
in het dorp zelf geïnvesteerd zou worden.
Wethâlder Bouma seit dat yn dit gefal it jild yn de haven seis bestege
is
Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten.
De foarsitter slút de gearkomste tydlik om 21.40 oere foar in lyts skoft.
Hy weriepenet de gearkomste op 21.50 oere. Hy dielt mei dat de hear Van der
Baan de gearkomste ferlitten hat en stelt oan 'e oarder:
9. Utstel ta it beskikber stellen fan in tariedingskredyt foar ferskalte ri-
olearingswurken
De hear Postma seit dat syn fraksje akkoart is mei it útstel. De ynveste-
aring is lykwols net yn de begrutting 2000 en benammen net yn it mear-
jierrynvestearingsplan 2000-2003 opnommen is. Hy nimt oan dat it kredyt
ten leste brocht wurde sil fan de bestimmingsreserve riolearing. Syn
fraksje stelt it op priis om oer de fierdere ôfwikkeling werom te kommen
by de ried.
De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje tinkt dat it goed is dat by
de tarieding fan de wurksumheden der antisipearre wurdt op it handikap-
tenbelied.
De hear Zijlstra seit dat syn fraksje ynstimt mei dit útstel. Ek hy fre-
get omtinken foar it wurk mei wurk meitsjen yn ferbân mei de oanpassings
foar handikapten.
Wethâlder Oosterhof betanket de ried foar de goede wurden. Dizze wurksum
heden hoege net yn it mearjierre-ynvestearingsplan opnommen te wurden.
Der sil besocht wurde safolle mooglik wurk mei wurk te meitsjen.
Dan wurdt der sünder persoanlike stimming neffens it útstel besletten.