- 7 - plakfine kinne as de ried dêrfoar jild beskikber steld hat. It stikje tekst dêroer hie miskien better op in oar plak stean kinne. De hear Van der Meulen fynt dat it kolleezje wol wat krap troch de bocht giet. Der is op syn minst ûndúdlikheid oer de tekst fan it beslút. Wethâlder Bouma seit dat nei de taljochting it dochs elkenien dúdlik wêze moat wêr't it beslút krekt oer giet. Sy hat der net safolle ferlet fan noch op de wurden fan de hear Aukes yn te gean. It is bekind hoe't de fraksje fan de V.V.D. tinkt oer it plak fan it baggerdepot. De hear Van der Baan wol graach de tasizzing dat net earder grün oankocht wurde sil as dat de tasizzing fan de subsydzje hurd is. Wethâlder Bouma seit dat der al in konseptbrief fan de provinsje mei in tasizzing foar 22% subsydzje binnenkaam is. Mevrouw Van den Berg wil graag hoofdelijke stemming. Neidat der persoanlik stimd is docht bliken dat it útstel fan it kollee zje mei 14 stimmen foar en 2 dêrtsjin oannommen is. Tsjinstimd hawwe de leden Aukes en Santema. 8. Utstel ta it festigjen fan in saaklik rjocht fan opstal oangeande de Jachthaven yn Warten. De heer De Jong zegt dat zijn fractie graag zou willen dat er iets meer in het dorp zelf geïnvesteerd zou worden. Wethâlder Bouma seit dat yn dit gefal it jild yn de haven seis bestege is Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. De foarsitter slút de gearkomste tydlik om 21.40 oere foar in lyts skoft. Hy weriepenet de gearkomste op 21.50 oere. Hy dielt mei dat de hear Van der Baan de gearkomste ferlitten hat en stelt oan 'e oarder: 9. Utstel ta it beskikber stellen fan in tariedingskredyt foar ferskalte ri- olearingswurken De hear Postma seit dat syn fraksje akkoart is mei it útstel. De ynveste- aring is lykwols net yn de begrutting 2000 en benammen net yn it mear- jierrynvestearingsplan 2000-2003 opnommen is. Hy nimt oan dat it kredyt ten leste brocht wurde sil fan de bestimmingsreserve riolearing. Syn fraksje stelt it op priis om oer de fierdere ôfwikkeling werom te kommen by de ried. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje tinkt dat it goed is dat by de tarieding fan de wurksumheden der antisipearre wurdt op it handikap- tenbelied. De hear Zijlstra seit dat syn fraksje ynstimt mei dit útstel. Ek hy fre- get omtinken foar it wurk mei wurk meitsjen yn ferbân mei de oanpassings foar handikapten. Wethâlder Oosterhof betanket de ried foar de goede wurden. Dizze wurksum heden hoege net yn it mearjierre-ynvestearingsplan opnommen te wurden. Der sil besocht wurde safolle mooglik wurk mei wurk te meitsjen. Dan wurdt der sünder persoanlike stimming neffens it útstel besletten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 8