- 9 -
moatte en in representative funksje hâlde moatte. Wat is no moaier foar
de âlderein dan tichteby it sintrum fan it âlde Qrou te wenjen. Yn it
brief sprekt Pleatslik Belang Crcu him út foar de lokaasje De Twine.
Syn fraksje fynt dat de kwaliteit fan de swimfoarsjenning omheech giet
troch it swimbad oerkape te meitsjen. Dan kin der fansels ek noch wol
in sinneweide makke wurdeEk syn fraksje skrok fan it brief fan it
OSGHy trunet der op oan dat it kolleezje him ta it uterste ynset om
op 'e tiid mei de bou begjinne te kinnen.
Wethâlder Oosterhof seit dat de ferliking fan it Riedshûs mei de ticht-
goaide feart yn Drachten net in goedenien is. We libje net mear flak
nei de oarloch en nostalgy lost neat op. De moderne tiid moat aksep-
tearre wurde. It Riedshûs sil opknapt wurde moatte. Oft dêr de rieds-
gearkomsten hâlden wurde sille is noch net bekend. Der sil wol in grut
tere seal yn it gemeentekantoar kommeIt nije gemeentekantoar sil pas-
se moatte yn de omjouwing. It ynterieur sil net lukse, mar sober wêze.
Oan 'e bûtenkant wurdt it in moai gebou, dat goed yn de omjouwing en by
de OSG past. Yn febrewaris komt it wenplan oan 'e oarder. Dêryn komme
ek de senioarenwenten yn foar. It kolleezje kiest foar senioarenwenten
achter it RiedshûsDan noch efkes oer it brief fan de OSG. Der kin al-
linne in artikel-19-proseduere opstarten wurde op grûn fan in bou-
oanfraach en de bouw-oanfraach foar de OSG is der noch net.
Wethâlder Bquma seit dat de wichtichste arguminten de tiid, it jild en
it yn eigendom krijen fan 'e grûn binneDe stânpunten oer it kantoarke
achter it Riedshûs leine fierstente fier út elkoar. Pleatslik Belang
Grou hat in foarkar foar in gemeentekantoar achter De TwineOer it
swimbad is gjin ferskil fan miening. It swimbad bliuwt, al as net oer
kape mei in sinneweide, achter De Twine. Sober en doelmjittich hâldt
net yn dat it gemeentekantoar ars j itektonysk net passé kin by de OSG.
Allinne kin dêr folie makliker in passend gebou delsetten wurde dan
achter it RiedshûsEk omreden fan de kosten op grûn fan de kengetallen
sa't dy der lizze giet it kolleezje yn 'e pleit foar de lokaasje De
Twine
Wethâlder Bijlsma seit dat der ek in hiele protte minsken krekt as it
kolleezje fine dat in gemeentekantoar achter De Twine in hiele positive
útstrieling hawwe sil. It kolleezje is net gelokkich mei it brief fan
de OSG, dy't oerkomt as panykfuotbalIt kolleezje giet der fan út dat
de OSG mei in artikel 19-proseduere boud wurde kin en dat dy yn agus-
tus/septimber 2001 klear wêze sil. Op grûn fan it beslút sil der in fi-
sy üntwikkele wurde kinne foar de lokaasje De Twine. Binnen dy fisy kin
de artikel-19-proseduere foar de OSG úteinsette. De kommunikaasje mei
de bewenners fan de Tjallinga hinget gear mei de fisy. Oerlis mei de
bewenners sil sa gau mooglik oppakt wurde. As it kontrakt mei Sport
fondsen net opsein wurdt sit de gemeente normaalsprutsen noch 5 j ier
dêroan fêst.
De foarsitter seit dat der no praten wurdt oer it plak fan it gemeente
kantoar en net oer de detailsDe kar sil op haadsaken makke wurde
moatte. It kolleezje hat it gefoel dat der mear as genôch materiaal
dêrfoar is. It kolleezje wol hiel graach dat der hiel gau in gemeente
kantoar boud wurdt, net allinne fanwegen de wurkplakken mar ek fanwegen
de publyksopfangIt is net ferantwurde om noch 4 as 5 jier wachtsje te
moatten. It kolleezje komt fansels mei de proseduere oer de fuortgong
by de ried werom. As de kar makke wurdt foar bygelyks de lokaasje ach
ter it Riedshûs wurde dêr fansels de arguminten by sochtAs guon argu
minten, sa as de tiidm swierder wage kin de kar wolris oars útfalle. Yn
ried 21 desimber 1999 doc/9