- 10 -
de stikken stiet miskien in protte net yn, mar in protte stiet der ek
wol ynBygelyks dat der i.n iepenbiere swimgelegenheid bliuwe moatHy
stelt út net in tredde rûnte te hélden omt de arguminten nei syn betin-
ken foldwaande wiksele binne
De hear Aukes seit dat de twa riedsleden dy't der net binne skiednis
skriuweAs dy der wol wêze soene soe de stimming oars útfalle. Foar de
totale ried is dat wol spitich, omt der sa in skeel sitten bliuwt. Yn
de ôfrûne moannen wie der in bestjoerskris isdy't gelokkich oplost is.
De óf spraken dy't doe makke binne falie no dus oars út en dat is spi
tich. It brief komt fan it bestjoer fan Pleatslik Belang, net fan de
leden
Mevrouw Van den Berg vraagt schorsing van de vergadering.
De foarsitter slút dan tydlik de gearkomste om 19.52 oereHy weriepenet de
gearkomste om 2 0.20 oere.
Mevrouw Van den Berg zegt dat de schorsing geen nadere feiten heeft op
geleverd
De foarsitter stelt út ta stimming oer te gean
Earst wurdt der stimd oer punt 1 fan it útstel..
Nei de persoanlike stimming docht bliken dat dit punt mei 9 stimmen
foar en 6 dêrtsjin oannommen is. Tsjinstimd hawwe de leden Postma, San-
tema, Aukes, Van den Berg, Jonkers en Van der Meulen.
Der wurdt net persoanlik stimd oer punt 2 fan it útstel
De foarsitter konstatearret dat de stimferhâlding deselde is as by punt
1. Sa wurdt dan ek besletten.
Sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens punt 3 fan it útstel be
sletten
As léste wurdt der persoanlik stimd oer punt 4.
Nei de persoanlike stimming docht bliken dat dit punt mei 13 stimmen
foar en 2 dêrtsjin oannommen is. Tsjinstimd hawwe de leden Van den Berg
en Van der Meulen.
Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie wenst dat er eerst onder
zocht moet worden hoe het verder moet met de exploitatie van De Twine
De foarsitter slút de gearkomste om 20.25 oere. Hy betanket de leden fan de
ried foar de bydrage oan diskusje en beslútfoarmingHy winsket eltsien nof-
like feestdagen en in goede, wol hiel bysûndere, oergong nei it jier 2000.
Sa fêststeld yn de iepenbiere riedsgearkomste
fan 15 febrewaris 2000,
de foarsitter,
(R.P. varf der Starre)
ried 21 desimber 1999.doc/10