Gemeente BOARNSTERHIM
fg'VFR 9nwt
<r.g van de Raad
'i
Notulen fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op
21 desimber 1999 om 17.00 yn it Riedshûs yn Grou.
o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o
Oanwêzich: de froulju K. van den Berg-WiersmaJ. Bouma-van den Brink
(wethâlder)R. Santema-Jansma, L. Veldstra-Lantinga en
J.T. Wegman-Koopmans en de hearen F.G. Aukes, A. Bijlsma (wet-
hâlder),B. de Jong (foar in part), H.A. Jonkers, D. van der
Meulen, A.P. Oosterhof (wethouder), H.G. Postma, J. Roorda,
J.H. Smittenberg en J. Zijlstra.
Ofwêzich: de hearen J.A. van der Baan en A.M. de Jager.
Foarsitter: de hear Y. Dijkstra.
Siktaris: de hear R.P. van der Starre.
o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o
tasizzing)
De foarsitter iepenet de gearkomste en hjit alle oanwêzigen hertlik wolkom.
Hy stelt oan'e oarder
1. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 23 novimber 1999.
Op fersyk fan mefrou Santema wurdt op side 2, de earste sin feroare yn
"Mefrou Santema seit dat by de VVD-fraksje âld-wethâlder Oosterhof
witte litten hat wer in sit yn dit kolleezje hawwe te wollen".
It ferslach wurdt dan, ynklusyf boppeneamde wiziging fêststeld.
De foarsitter lit witte dat de hearen Van der Baan en De Jager troch sykte
behindere binne de gearkomste by te wenjen. De hear De Jong sil letter kom-
2. Utstel oangeande de romtlike ûntjowing yn Grou.
De hear Roorda seit dat it derop liket dat der yn dizze riedsgea"koraste
in histoarysk beslút oer de lokaasje fan it nije gemeentekantoar nommen
wurde sil. Op "it sigaredoaske" is in wiidweidige ferliking tusken de
beide lokaasjes makke. Foar syn fraksje is it dúdlik: de lokaasje ach
ter De Twine is de beste kar. Finânsjen en tiid binne dêrfoar twa wich
tige arguminten. Op sa koart mooglike termyn sil der wat barre moatte
oan de wurkplakken fan de amtners en sil de tsj instferliening fan de
boargers in opstekker hawwe moatte. Der moat in sober en doelmjittich
gebou delsetten wurde, tsjin sa leech mooglike eksploitaasjekostenSyn
fraksje wol yn it nije millennium foldwaande jild oerhâlde foar in goed
en berikber foarsjenningennivoDe kar foar De Twine jout ek romte foar
de âldereinhúsfesting tichteby it sintrum fan Grou. Syn fraksje is
foarstanner fan it opsizzen fan de oerienkomst mei Sportfondsen B.V.
Syn fraksje wol op 'e hichte hâlden wurde fan de fuortgong en hy giet
der fan út dat de nedige útstellen oan de ried foarlein wurde sille.
Mevrouw Van den Berg zegt dat aan het voorstel voor de raad slecht één
ried 21 desimber 19 99 doc/1