- 4 -
tinkt it kolleezje dat probleem dan wol op te lossen? It idee om in
plein te kreearjen achter De Twine is net gek. Allinne soe dy plein-
funksje loskeppele wurde moatte fan de gebouwen der omhinne. Hoe defi-
nityf is it dat dêr perfoarst in gemeentekantoar komme moatte soe? Ek
de goede buorman dy't de OSG fertsjinnet hoecht dochs net in gemeente
kantoar te wezen? It wichtichste foar har fraksje is dat sa gau mooglik
de proseduere foar de OSG opstarten wurdtSy wol graach in réaksje fan
it kolleezje op it brief fan de OSG. Foar har fraksje b' me beide ops-
jes foar de lokaasje fan it gemeentekantoar akseptabelDochs sil der
in kar makke wurde moatte. Sy freget noch hokker arguminten sa es-
sinsjeel binne dat der keazen wurde moat foar de lokaasje De Twine.
De hear Aukes seit dat 3 fan de 4 punten it yn dit útstel gjin diskusje
mear freegje. Dat jildt net foar de lokaasje fan it nije gemeentekan
toar. Dêr is noch bykommen it brief fan de OSG oer de start fan de pla-
nologyske proseduere. Syn fraksje hechtet swier oan de iepenbierheid
fan it swimbad en De Twine. Salang der g j in goede alternativen binne
moat swimbad en De Twine bestean bliuwe yn de hjoeddeistige sitewaasje.
De foarkar fan syn fraksje foar in lokaasje foar it gemeentekantoar
giet de kant út fan it plak achter it RiedshûsEartiids is de kantoar-
funksje loskeppele fan de representativeNo is der in kâns dy beide
wer te keppeljen. Syn fraksje tinkt wat oars oer de finansjele ûnder-
bouwing. As jo de merkwearde telle litte en net de boekwearde ûntstiet
der in hiel oar byld. Hy hechtet hiel bot oan werkenberheid fan de ge
meente. Yn plakken sa as It Hearrenfean en De Jouwer binne achter de
âlde riedshûzen prachtige nije kantoaren delsetten, dy't in stik status
jouwe oan de gemeente. Dat is foar syn fraksje in swierwaagjend punt as
it giet om de foarkar foar de lokaasje achter it Riedshûs
De hear De Jong nimt plak.
Wethâlder Oosterhof seit dat it kolleezje bliid is dat de hiele ried
fan betinken is dat der in nij gemeentekantoar komme moat. De lokaasje
by de A32 sjocht it kolleezje folie mear foardielen. Bygelyks de eigen-
domssitewaasje leit gâns makliker dan achter it RiedshûsIt kolleezje
hat besocht it kantoarke oan te keapjen, mar dat is net slagge. Dat dêr
ek garaazjes steane makket it net makliker. Dan steane der achter it
Riedshûs twa monumenten. Der kin dus net oan it Riedshûs fêstboud wur
de. Unteigeningsprosedueres kinne hiel lang duorje. De grûn achter De
Twine is eigendom fan de gemeente, wat in grut foardiel is. Ek wat de
berikberheid en de entree fan Grou oanbelanget is in kantoar flakby de
A32 folie better. Ek dêr kin de status fan in gemeentekantoar nei foa-
ren komme. Der sil earst in prinsipebeslút troch de ried nommen wurde
moatte foardat der oerlis mei de provinsje en de bewenners plakfine
sil. De ynhâld fan it brief fan de OSG is him net bekend. It kolleezje
fynt dat der in totaalfisy dellein wurde moat op grûn wêrfan in arti-
kel-19-proseduere foar de OSG starten wurde kin. De lokaasjekar foar it
gemeentekantoar keart net dy proseduere op. Der is gjin wentebou moog
lik oan 'e noardkant fan Grou. Mei fierdere ûntwikkelingsplanologysk,
finansjeel of wat de fulling fan it gebou oanbelanget sil it kolleezje
nei de ried ta komme. Der is gjin ynformaasje achterhâlden foar de
ried. It wachtsjen is op it riedsbeslútIt Riedshûs hat lang gjin
1000m2 kantoarromte yn him. It Riedshûs sil yn alle gefallen opknapt
wurde moatte om in goede representative funksje te krijen, en dat hat
op himsels neat te krijen mei de lokaasjekar.
Wethâlder Bouma seit dat der in wichtich beslút nommen wurde moatSy
is der wiis mei dat de ried yn elts gefal foar nijbou fan it gemeente-
ried 21 desimber 1999 doc/4