- 4 - tinkt it kolleezje dat probleem dan wol op te lossen? It idee om in plein te kreearjen achter De Twine is net gek. Allinne soe dy plein- funksje loskeppele wurde moatte fan de gebouwen der omhinne. Hoe defi- nityf is it dat dêr perfoarst in gemeentekantoar komme moatte soe? Ek de goede buorman dy't de OSG fertsjinnet hoecht dochs net in gemeente kantoar te wezen? It wichtichste foar har fraksje is dat sa gau mooglik de proseduere foar de OSG opstarten wurdtSy wol graach in réaksje fan it kolleezje op it brief fan de OSG. Foar har fraksje b' me beide ops- jes foar de lokaasje fan it gemeentekantoar akseptabelDochs sil der in kar makke wurde moatte. Sy freget noch hokker arguminten sa es- sinsjeel binne dat der keazen wurde moat foar de lokaasje De Twine. De hear Aukes seit dat 3 fan de 4 punten it yn dit útstel gjin diskusje mear freegje. Dat jildt net foar de lokaasje fan it nije gemeentekan toar. Dêr is noch bykommen it brief fan de OSG oer de start fan de pla- nologyske proseduere. Syn fraksje hechtet swier oan de iepenbierheid fan it swimbad en De Twine. Salang der g j in goede alternativen binne moat swimbad en De Twine bestean bliuwe yn de hjoeddeistige sitewaasje. De foarkar fan syn fraksje foar in lokaasje foar it gemeentekantoar giet de kant út fan it plak achter it RiedshûsEartiids is de kantoar- funksje loskeppele fan de representativeNo is der in kâns dy beide wer te keppeljen. Syn fraksje tinkt wat oars oer de finansjele ûnder- bouwing. As jo de merkwearde telle litte en net de boekwearde ûntstiet der in hiel oar byld. Hy hechtet hiel bot oan werkenberheid fan de ge meente. Yn plakken sa as It Hearrenfean en De Jouwer binne achter de âlde riedshûzen prachtige nije kantoaren delsetten, dy't in stik status jouwe oan de gemeente. Dat is foar syn fraksje in swierwaagjend punt as it giet om de foarkar foar de lokaasje achter it Riedshûs De hear De Jong nimt plak. Wethâlder Oosterhof seit dat it kolleezje bliid is dat de hiele ried fan betinken is dat der in nij gemeentekantoar komme moat. De lokaasje by de A32 sjocht it kolleezje folie mear foardielen. Bygelyks de eigen- domssitewaasje leit gâns makliker dan achter it RiedshûsIt kolleezje hat besocht it kantoarke oan te keapjen, mar dat is net slagge. Dat dêr ek garaazjes steane makket it net makliker. Dan steane der achter it Riedshûs twa monumenten. Der kin dus net oan it Riedshûs fêstboud wur de. Unteigeningsprosedueres kinne hiel lang duorje. De grûn achter De Twine is eigendom fan de gemeente, wat in grut foardiel is. Ek wat de berikberheid en de entree fan Grou oanbelanget is in kantoar flakby de A32 folie better. Ek dêr kin de status fan in gemeentekantoar nei foa- ren komme. Der sil earst in prinsipebeslút troch de ried nommen wurde moatte foardat der oerlis mei de provinsje en de bewenners plakfine sil. De ynhâld fan it brief fan de OSG is him net bekend. It kolleezje fynt dat der in totaalfisy dellein wurde moat op grûn wêrfan in arti- kel-19-proseduere foar de OSG starten wurde kin. De lokaasjekar foar it gemeentekantoar keart net dy proseduere op. Der is gjin wentebou moog lik oan 'e noardkant fan Grou. Mei fierdere ûntwikkelingsplanologysk, finansjeel of wat de fulling fan it gebou oanbelanget sil it kolleezje nei de ried ta komme. Der is gjin ynformaasje achterhâlden foar de ried. It wachtsjen is op it riedsbeslútIt Riedshûs hat lang gjin 1000m2 kantoarromte yn him. It Riedshûs sil yn alle gefallen opknapt wurde moatte om in goede representative funksje te krijen, en dat hat op himsels neat te krijen mei de lokaasjekar. Wethâlder Bouma seit dat der in wichtich beslút nommen wurde moatSy is der wiis mei dat de ried yn elts gefal foar nijbou fan it gemeente- ried 21 desimber 1999 doc/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 6