- 5 -
kantoar kiest. It is krekt sa as de hear Jonkers seiwêr wolle jo de
pluskes en mintsjes stean hawwe. It kolleezje hat ss yndied earne oars
stean as de fraksje fan Gemeentebelangen 2000, mar wel op grûn fan goe
de arguminten. Ek emoasjes spylje derby in rol. Dat it gemeentekantoar
yn Grou bliuwt stiet net ta diskusje. It giet om de fraach wêr it béste
plak is. De grûnpriis achter it Riedshûs is oanmerklik hegerDe m2 -
priis fan it gebou is leger achter De TwineAs der dan ek noch in oan-
past gebou achter it Riedshûs boud wurdt is it kostenferskil noch grut
ter. Pleatslik Belang Grou hat ek oanjûn dat sy kieze foar de lokaasje
achter De Twine. It gemeentekantoar heart goed berikber te wêzen foar
alle ynwenners, ek yn dat gefal is de lokaasje achter De Twine de bes
te. It sil, yn ferbân mei de grûnferwerving noch j ierren duorje ear't
der boud wurde kin achter it RiedshûsDe wichtichste punten dêr't de
ried in kar meitsje moat binne de tiid, it jild en de ferwerfberheid
fan de grûn. Foar alle trije jildet dat de lokaasje achter De Twine der
as de beste út komt. Sober en doelmjittich moat it nije gemeentekantoar
wurdeAs it achter it Riedshûs boud wurde soe soene der allegear saken
bykomme, dy't in protte jild kostje sille.
Wethâlder Bijlsma ûnderstreket de wurden fan de beide oare wethâlders.
Troch it kontrakt mei Sportfondsen op te sizzen komme der mooglikheden
om yn 2000 foar in goed ferfolch te soargjen. It kolleezje giet der
noch hyltiten fan út dat de OSG yn augustus/septimber 2001 klear wêze
sil. It tagonklik meitsjen fan it Riedshûs foar minsken dy't min op 'e
gong binne is praktysk ûnmooglik, sûnder in hiel grutte yngreep yn it
gebou. As it gemeentekantoar ferbûn wurde soe mei it Rieashûs soe de
achterkant fan it Riedshûs behoarlik skeind wurde. Dêrby steane de bei
de wenten dan ek behoarlik yn it paadDer is neffens him gjin kâns op
fertraging fan 'e proseduere as de OSG keppele wurdt oan it gemeente
kantoar omt der in fisy dellein wurde moat oer de ynfolling fan de to
tale lokaasje achter De Twine. Der kin ek in fisy makke wurde dêr't it
gemeentekantoar net yn foar komt. As de entree fan Grou kompletearre
wurde soe mei in gemeentekantoar soe dat neffens it kolleezje in hiel
moai gehiel foarmje. De OSG soe dan ek net allinne stean mar in goede
buorman oan it gemeentekantoar hawwe. It Wilhelminapark sil yn beide
gefallen, by in gemeentekantoar en by senioarenwenten opknapt wurde.
De foarsitter seit dat hy it hiel goed fynt dat de ried sa fûneminteel
oer dizze kar praat. It giet dêrby net allinne om de wurkomstannichhe-
den fan de amtners en de publyksfunksjesdy't no fier ûnder de mjitte
binne mar ek om it bestjoerlike wurk, dat no somtiden barre moat ûnder
achterhelle omstannichhedenDe needsaak om op koarte termyn wat te
dwaan is grutIn kar wurdt ek dreech trochdat der ek noch in protte
oare winsken binne en net sa folie jild. As der trochgien wurde soe op
de útspraak fan de brede kommisje om achter it Riedshûs in nij gemeen
tekantoar te bouwen dan komme de wichtige punten fan tiid en jild om 'e
hoeke sjen. Jild wol it kolleezje graach ek oan oare dingen besteegje
en tiid foar noch mear útstel is der net. Op koarte termyn sil it nije
gemeentekantoar der komme moatte en net pas oer 3 oant 5 jier. It giet
yn dit útstel ek oer de lokaasje foar de sporthal, de bibleteek en de
OSG. De ried wol dêrmei itselde as it kolleezje. It is net sa dat op it
plak dat tocht is foar it gemeentekantoar in protte oare bestimmingen
dellein wurde kinne. Foar in oar kantoargebou soene der troch it pro-
vinsjale belied beheiningen oplein wurde. Dan is der noch it punt fan
de wentebou. In soad âldere minsken ferlitte ús gemeente omt der gjin
passende wenromte foar harren is. Der sil dus húsfesting foar de âlde-
rein komme moatte, sa stiet ek yn it riedsprogrammaIt kolleezje fynt
ried 21 desimber 1999 doe-5