- 5 - kantoar kiest. It is krekt sa as de hear Jonkers seiwêr wolle jo de pluskes en mintsjes stean hawwe. It kolleezje hat ss yndied earne oars stean as de fraksje fan Gemeentebelangen 2000, mar wel op grûn fan goe de arguminten. Ek emoasjes spylje derby in rol. Dat it gemeentekantoar yn Grou bliuwt stiet net ta diskusje. It giet om de fraach wêr it béste plak is. De grûnpriis achter it Riedshûs is oanmerklik hegerDe m2 - priis fan it gebou is leger achter De TwineAs der dan ek noch in oan- past gebou achter it Riedshûs boud wurdt is it kostenferskil noch grut ter. Pleatslik Belang Grou hat ek oanjûn dat sy kieze foar de lokaasje achter De Twine. It gemeentekantoar heart goed berikber te wêzen foar alle ynwenners, ek yn dat gefal is de lokaasje achter De Twine de bes te. It sil, yn ferbân mei de grûnferwerving noch j ierren duorje ear't der boud wurde kin achter it RiedshûsDe wichtichste punten dêr't de ried in kar meitsje moat binne de tiid, it jild en de ferwerfberheid fan de grûn. Foar alle trije jildet dat de lokaasje achter De Twine der as de beste út komt. Sober en doelmjittich moat it nije gemeentekantoar wurdeAs it achter it Riedshûs boud wurde soe soene der allegear saken bykomme, dy't in protte jild kostje sille. Wethâlder Bijlsma ûnderstreket de wurden fan de beide oare wethâlders. Troch it kontrakt mei Sportfondsen op te sizzen komme der mooglikheden om yn 2000 foar in goed ferfolch te soargjen. It kolleezje giet der noch hyltiten fan út dat de OSG yn augustus/septimber 2001 klear wêze sil. It tagonklik meitsjen fan it Riedshûs foar minsken dy't min op 'e gong binne is praktysk ûnmooglik, sûnder in hiel grutte yngreep yn it gebou. As it gemeentekantoar ferbûn wurde soe mei it Rieashûs soe de achterkant fan it Riedshûs behoarlik skeind wurde. Dêrby steane de bei de wenten dan ek behoarlik yn it paadDer is neffens him gjin kâns op fertraging fan 'e proseduere as de OSG keppele wurdt oan it gemeente kantoar omt der in fisy dellein wurde moat oer de ynfolling fan de to tale lokaasje achter De Twine. Der kin ek in fisy makke wurde dêr't it gemeentekantoar net yn foar komt. As de entree fan Grou kompletearre wurde soe mei in gemeentekantoar soe dat neffens it kolleezje in hiel moai gehiel foarmje. De OSG soe dan ek net allinne stean mar in goede buorman oan it gemeentekantoar hawwe. It Wilhelminapark sil yn beide gefallen, by in gemeentekantoar en by senioarenwenten opknapt wurde. De foarsitter seit dat hy it hiel goed fynt dat de ried sa fûneminteel oer dizze kar praat. It giet dêrby net allinne om de wurkomstannichhe- den fan de amtners en de publyksfunksjesdy't no fier ûnder de mjitte binne mar ek om it bestjoerlike wurk, dat no somtiden barre moat ûnder achterhelle omstannichhedenDe needsaak om op koarte termyn wat te dwaan is grutIn kar wurdt ek dreech trochdat der ek noch in protte oare winsken binne en net sa folie jild. As der trochgien wurde soe op de útspraak fan de brede kommisje om achter it Riedshûs in nij gemeen tekantoar te bouwen dan komme de wichtige punten fan tiid en jild om 'e hoeke sjen. Jild wol it kolleezje graach ek oan oare dingen besteegje en tiid foar noch mear útstel is der net. Op koarte termyn sil it nije gemeentekantoar der komme moatte en net pas oer 3 oant 5 jier. It giet yn dit útstel ek oer de lokaasje foar de sporthal, de bibleteek en de OSG. De ried wol dêrmei itselde as it kolleezje. It is net sa dat op it plak dat tocht is foar it gemeentekantoar in protte oare bestimmingen dellein wurde kinne. Foar in oar kantoargebou soene der troch it pro- vinsjale belied beheiningen oplein wurde. Dan is der noch it punt fan de wentebou. In soad âldere minsken ferlitte ús gemeente omt der gjin passende wenromte foar harren is. Der sil dus húsfesting foar de âlde- rein komme moatte, sa stiet ek yn it riedsprogrammaIt kolleezje fynt ried 21 desimber 1999 doe-5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 7