Leest de motie over de Bûtlânswei voor: Overwegende dat: het niet reëel is de Bûtlânswei nog langer voor personenautoverkeer gesloten te houden, het zon de is nog meer geld in onderzoeksrapporten te steken, er op dit moment al veel gebruik gemaakt wordt van deze weg, mobiliteit van inwoners de komende tijd extra ruimte krijgt van de provincie besluit: de Bûtlânswei voor autoverkeer open te stellen". De hear De Vries (PvdA): De VVD praat oer in argeleas kolleezje en oer in traach amtlik apparaat en oer in besluteleaze ried. Hy herkent him der net yn. Bedoelt de hear Bouma de gemeente Boarnsterhim dêrmei? De hear Bouma (VVD): Hy bedoelt dy gemeente yndied. Fynt de ynterpretaasje fan de hear De Vries te swartgallich. Der moat mear Schwung yn de organisaasje komme. De hear De Vries (PvdA): Hy is troch de berte fan in soan faaks wat emoasjoneler as oars. Mar net allinne de lytskes binne kwetsber, mar ek de grutten yn har deistich bestean. Elkenien hat rjocht op in fatsoenlik bestean. De opgroeiende minske wurdt foarme troch ûnderwiis, sport en it kulturele libben. Dêr moat de gemeente foar stean bliuwe. Krekt dat oerein hâlde by it finen fan in besuniging fan 1 miljoen. Yn in ekonomysk mindere tiid moat de oerheid ek syn ferantwurdlik- heid hawwe foar de wurkgelegenheid. De ynvestearrings dy't foarútskood binne kinne dan ek net fierder ferskood wurde neffens de PvdA. De ynsidintele romte is der om bepaalde saken (wâlkan- ten Aldeboarn) oan te pakken. Foarich jier is men begûn om in stik romte foar nij belied te finen. Mei inoar is der besletten om saken te ûndernimmen. De PvdA wol net dat de ried allinne op de winkel past. Men kin wol de diskusje oer de omfang fan it nije belied oangean, mar it net op nul sette. Sjocht de hiele operaasje net as in ordinêre besuniging, mar noch altyd as in takendiskusje. Der is in hiel pakket dellein. Men moat net oan de ferlieding tajaan om oer ynsidinten te besluten. Yn it presidium binne ôfspraken makke oer de oanpak fan de takendiskusje. De PvdA fynt it spi- tich dat net alle fraksjes de iepenheid yn de diskusje oer de taken dield hawwe. Yn it listke fan it kolleezje siet gjin balâns. Men moat net te bot yn de sêfte sektor besunigje. Men soe krekt oarsom dêr mear yn ynventariseare moatte. Dy oanbelangjende foarsjenningen moatte oereinhâl- den bliuwe. De PvdA wie fernuvere dat de hurde sektor (lykas de wegen) bûten skot bleaunen. Hat yn gearwurking mei it CDA it rapport oer de wegen fan Oranjewoud analyseare litten troch Advin. Dat kaam der op del dat yn prinsipe 1 miljoen oant 2008 ynvesteard wurde moat om op peil te bliuwen. By útstel sille de kosten letter folie heger wêze. Der is lykwols 20/25% op de ta- riedingskosten te besparjen. Der kin dus sawat in ton besunige wurde sûnder dat de kwaliteit oantaast wurdt. Wol punt 1.8 (doarpswachten) oanhâlde omdat op dat mêd in hiel soart yn Ont wikkeling is. Men wol kieze foar opsje 2 mei 2/2,5 formaasjes doarpswachten. Punt 2.2 (sosjaal kultureel wurk), 2.3 (jeugd- en jongerenwurk)en 2.4 (senioarewurk): dizze besunigingen net trochgean litte. Op dy terreinen leit in stikje needsaaklikheid. Oer punt 3.6 (sportakkommodaas- jes en subsydzjes): It is net suver om nei it oprjochtsjen fan de sportadvysried dizze besuniging op te lizzen. Men moat yn oerlis mei de sportadvysried besjen hoe't men it ûnderhâld better oan- pakke kin. Oer punt 4.1 (ferkear): As it effekt is dat minsken gjin ynhâldlike reaksje mear krije op fragen dan is soks foar de PvdA net akseptabel. Wol graach fan it kolleezje witte wat de konse- kwinsjes no krekt binne. Oer 4.6 (bestriden glêdens): It is net ferantwurde mei sa'n lytse besuni ging de feilichheid yn gefaar te bringen. Oer punt 6.1 (gemeentlik Onderwiisbelied): It Onderwiis hat seis foarstellen dien. Dy soe men folgje moatte en de frege 11.500 alfêst ynkasseare. De besuniging komt hjirmei op 145.000. It ynstrumint OZB mei wol brûkt wurde. De beskikbere nije romte kin dan 220.000 wurde en dat is ynearsten goed genôch. De hear Janse (FNP): Hoe tinkt de hear De Vries de 20/25% yn de tarieding te besunigjen? Pagina 8 04. Ferslach 14-06-2004/absh/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 10