De hear De Vries (PvdA): It hat dêrmei te meitsjen dat men de wurken oer in langere termyn út- besteegje wol en ek troch de wize fan oanbesteging. De hear Hemminga (GB): Algemiene skôgings heare by de begruttingsdiskusje. It stribjen wie 1 miljoen. Der soe mear barre moatte. De gemeente moat fet op de ribben krije. It hat ek net in echte takendiskusje west. Wat binne no echt kearntaken fan de gemeente? Dat is wat de boar- ger seis net dwaan kin as wegen, feilichheid en riolearing. Men moat mear op eigen ferantwurd- likheid ynsette. Men moat der oer diskusjeare wat no 'franje' is. Dat is altyd lestich. Men sprekt him net út oer wat no wol of net kin. Men bliuwt by syn eigen toko. De feedback fan de miens- kip ûntbrekt spitigernôch noch te folie. En de gemeenteried moat dan mei syn eigen ôfwaging komme. GB stiet achter de besunigingen. Mei al de amendeminten oer tafel krijt men deselde dis kusje wer. Oer in jier sjen oft it effekt hat sa't it yn it foarstel stiet. GB is tsjin ferheging fan de OZB. It persintaazje is de ôfrûne twa jier al genôch ferhege. Oare alternative besunigingen? Doarpsfernijing sit net yn de list. It Riedshûs kin wol ôfstjitten wurde. Mefrou Dekker (PvdA): Hoefolle wol GB op doarpsfernijing besunigje? De hear Hemminga (GB): Hy wol dat nochris besjen. Hy hat noch gjin antwurd krige op it ferskil fan seis ton tusken formaasje op papier en yn oeren. Der soe gjin balans yn de besunigingen sit- te? Dan moat men earst witte wat de franje en de kearn yn de sêfte sektor is? De hear Gerbrandij (CDA): It waard him kertier foar ienen oansein om de skôging te hâlden. In besuniging is noait aardich. Wat is nedich en wêr kin men mei ta? In minske libbet net allinne fan brea (jild). It CDA kin achter de besunigings stean. Der moat ek oer de OZB praat wurde kinne. Yn it ferline binne de ynflaasjekorreksjes net altyd tapast. Oer punt 2.19 (ôffieren ôffal)It moat hielendal kostendekkend wêze. Punt 4.6. (glêdensbestriding): men moat hoeden dêryn wêze. Wethâlder Bouma: Tinkt net dat it de bedoeling is dat no alles nochris útlein wurdt. Oannimmers wurde graach oan de slach, mar de ekstra 222 wenten binne bûn oan betingsten en der is oerlis mei de wenningboukorporaasje. En dan komme letter de oannimmers yn byld. Fan Wergea-West hat it bestimmingsplan wol yn de kommisje west en leit dus wol op de rûte. It byld dat der neat bart doocht dan ek net.De stân fan saken by Knol moat noch wolris bepraat wurde, mar fait net ûnder dit Onderwerp. De Bobop hat seis wat oandroegen en hat kreatyf oan de slach west. By de wentebou moat seker wat barre. Wethâlder Van den Berg: Hoe kan men een gezond financieel beleid in Boarnsterhim vorm geven? En hoe dat op een structurele wijze tot stand kan komen. Dat is het uitgangspunt van de discus sie. In de lijst van het voorstel van de FNP ontstaan tekorten. Men geeft ook een dekking aan. Maar hoe kunnen de inkomsten van de dorpswachten gerealiseerd worden? En dit geldt ook over de aangedragen rente-inkomsten van Tusken de Marren. Men kan niet iets inboeken wat er niet is. De hear Janse (FNP): Wêrom koe it ynskatten fan bedraggen wol by 'Grou in beweging'? En dêr moasten de kosten dekt wurde. As Tusken de Marren minder opbringt is der allinne minder romte foar nij belied. Wethâlder Van den Berg: Bij 'Grou in beweging' ligt dat anders. Er valt daarbij niet te denken aan overschrijdingen van het budget De hear Janse (FNP): Der is gjin inkelde garânsje dat it tekoart der net komme sil. Der is noch in tekoart fan 113.000 dat dekt worden moat. Pagina 9 04. Ferslach 14-06-2004/absh/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 11