Pagina 11 De hear Bijlsma (FNP): Hat de besuniging as in mooglikheid oanjûn. It mei ek op in oare wize besunige wurde. De hear Janse (FNP): Is der ynformaasje oer Akkrum? Wethâlder Jonkers: De dorpsvernieuwing in Akkrum fase 3 moet nog handen en voeten krijgen. Daar komt men nog uitgebreid op terug. Met de Sportadviesraad gaan kijken hoe men een ander vorm kan geven. De hear De Vries (PvdA): Wol de wethouder de strekking fan de tekst stean litte en it bedrach ferfallle litte? Wethâlder Jonkers: Dat is eigenlijk aan de raad. Men wil niet vooraf dingen opleggen aan de Sportadviesraad. Na een jaar de aanpak evalueren. De foarsitter ûnderbrekt de gearkomste foar in koart skoft. De foarsitter iepent de gearkomste wer. Freget de ried om yn de twadde termyn oan te jaan oft der noch winsken op it mêd fan de takendiskusje binne. Der is ien moasje yntsjinne troch de VVD oer de Bûtlânswei. Twadde termyn De hear Bijlsma (FNP): Oer it foarstel oangeande de wâlkanten yn Aldeboarn: hoe moat men der fierder mei omgien? De foarsitter: Oft de ried fynt dat dat útfierd wurde moat, dan moatte de fraksjes dat oanjaan. De hear Bijlsma (FNP): De FNP kin dêrmei ynstimme. Fan wegen de finansjele konsekwinsjes kin de FNP net mei de moasje fan de VVD ynstimme. Mei in oantal besunigingen kin men net akkoart gean. De evaluaasje pas nei in jier is wat opportún. Dan is der yn de begrutting gjin romte om it werom te draaien. Giet dan fierder yn op de amendeminten fan de FNP. 1 o.m. 8 stean litte. De dekking by taakstelling wegen foarlopich in bedrach fan 50.000. By de doarpswacht wol yn- komsten fan 10.000 as taakstelling foar it kolleezje. De rinte foar Tusken de Marren ek oanhâl- de. 70.000 foar in stikje nij belied. Mocht it wat minder wêze, dan wat ynleverje op nij belied. De hear Bouma (VVD): Hâldt de moasje oerein. Bestimmingsplantechnyske saken hiene earder opstart wurde moatten, lykas yn Aldeboarn en foar Grou-Noard. It liket de VVD ek in goede saak om nei in jier te evaluearen. Ek sjen nei de besuniging op it pontsje de Bird. Mear gebrûksmoog- likheden foar it pontsje. Is der nijs te melden oer de maaitiidsnota (maaiesirkulêre)? De VVD leit mear de klam op de ferantwurdlikheid fan it yndividu. Men kin yn de takomst wolris yn swierder waar komme. De hear Bijlsma (FNP): Yn in eardere sesje binne der besunigingen oanjûn dy't yn 2006 realiseard wurde kinne. De hear Bouma (VVD): Der moat no in start makke wurde en men moat net bang wêze foar it uit pakken fan de maatregels. De hear Bijlsma (FNP): Wiist derop dat de list net yn folsleine ienriedigens gearstald is. 04. Ferslach 14-06-2004/absh/11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 13