De hear Gerbrandij (CDA): Stiet net achter de moasje fan de VVD. Dat komt yn septimber wer oan de oarder. Men docht mei de PvdA in tal foarstellen. De hear De Vries (PvdA): It is goed dat de ynwenners fan Boarnsterhim no sjen kinne hoe't de partijen oer de besunigingen tinke. De PvdA siket it mear yn de kohesy. Men wol de Bûtlânswei yn septimber ûnder eagen sjen. Kin ynstimme mei 1 o.m. 8 mei útsûndering fan punt 4. De 50.000 út de wegen no fêstlizze. Is bliid dat der net op it Skûtsjesilen besunige wurde sil. 10.000 as taakstelling nimme foar de doarpswachten. De opbringsten fan de Tusken de Mar ren pas ynsette nei de ferkeap. De OZB mei 2% ferheegje earst even parkeare en de opbringst fan Tusken de Marren ôfwachtsje. Sa wurdt it foarstel fan de PvdA in fariant op de amendemin- ten fan de FNP. De hear Hemminga (GB): By skrassen fan besunigingen moat der dekking fûn wurde. Der binne te folie faachheden yn de foarstellen. Der is in reëel risiko fan hegere kosten. Hoe kin men dan in oantal besunigingen dan net trochfiere? Net op foarhân dêrfan útgean dat dêrmei 70.000 besunige wurdt. De hear De Vries (PvdA): It giet om 50.000. De hear Hemminga (GB): It jout te min hâldfêst. By it punt pjutteboartersplak moat ek noch struktureel jild beskikber steld wurde. De golfbaan op de Bird is in kreatyf idee. De hear De Vries (PvdA): Kin men dat (punt pjutteboartersplak) ek besjen as nij belied? De hear Hemminga (GB): It liket him net ferstannich dat men soks dan yn deselde gearkomste docht. De hear De Vries (PvdA): Dat ferskil hoecht men net te meitsjen. It giet om de ynhâld. De hear Hemminga (GB): Men praat no oer de besunigingen. Wol dêr straks wer opnij oer prate. GB is foar it iepenstellen fan de Bûtlânswei foar it persoaneferkear. Mar wol dêr yn septimber fierder oer beslute. GB bliuwt achter de foarstellen fan it kolleezje stean. No net de effekten fan de ferkeap fan Tusken de Marren meinimme. Der soe eins mear besunige wurde moatte. De foarsitter: Konkludeart dat de diskusje no wol fierd is. Wol graach per fraksje stimme litte. Hantearret de list fan de FNP as paadwizer. Freget oan de VVD oft men de moasje oereinhâldt. Wethâlder Bouma: Der wurdt op ynset dat nei de gondelfeart mei de doarpsfernijing út ein set wurde kin yn Aldeboarn mei de oanpak fan de wâlkanten. Men is ek noch net klear mei de doarpsfernijing yn Akkrum. De struktuerfisy Grou wie fan 2002. Dêmei hat men 'Grou in bewe ging' hân, dêr't PB ek by belutsen west hat. Dat is allegearre goed besprutsen. De hear Bouma (VVD): Men hie oer bepaalde saken earder oerienstimming berikke kinnen. Wethâlder Van den Berg: Over de 600.000 verschil op de aansluitting staat salarissen. Er is met de heer Van der Meer over de berekeningssystematiek gesproken. Als het niet duidelijk is kan men daarover in overleg treden.Over het wegenbeheersplan van de PvdA (Advin): Er is geen verschil met het rapport van Oranjewoud. De hear De Vries (PvdA): Wiist derop dat de útkomsten fan it rapport fan Oranjewoud net tsjin- sprutsen binne. Pagina 12 04. Ferslach 14-06-2004/absh/12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 14