Wethâlder Van den Berg: Het is onverantwoord om 50.000/100.000 te bezuinigen op het on
derhoud van de wegen. Daarom wordt deze motie ontraden.
De hear De Vries (PvdA): Men hat earst de rapporten as útgongspunt. Mar yn de praktyk kin dat
oars útwurke wurde. Boek dat yn.
De foarsitter: De ried kin yngrediïnten beskikber stelle. De bedriuwsfiering en de útfiering binne
oan it kolleezje.
Wethâlder Van den Berg: Wat de heer De Vries aanhaalt, gebeurt al binnen de bedrijfsvoering.
De hear Bouma (VVD): Nimt de moasje werom en komt der yn septimber op werom.
De foarsitter: Giet earst oer nei de dekking fan de foarstellen fan de FNP.
Punt 9: 50.000 besunigje op ûnderhâld fan de wegen. Mei 5 stimmen (fraksjes fan GB 2000
en VVD) tsjin en 9 foar wurdt dit foarstel oannommen.
Punt 10 (promoasje) is weromlutsen.
Punt 11 (doarpswachten) 10.000 as taakstelling foar it kolleezje. Mei 3 stimmen tsjin (fraksje
GB 2000) en de oaren foar wurdt dit foarstel oannommen.
Punt 12 (opbringst ferkeap Tusken de Marren 70.000).
De hear Bijlsma (FNP): De fraksje fan de PvdA hat foarsteld om dit by de begrutting te belûken.
De FNP kin him dêryn fine.
De foarsitter: Dan de OZB mei 2% ferheegje?
De hear Bijlsma (FNP): No noch net, mar dat by de begrutting besjen.
De hear De Vries (PvdA): Sjocht dat op deselde wize as de FNP.
De foarsitter: Konkludeart dat it yn de hjerst sa oan de oarder komt. De ried hat 60.000 oan
ynkomsten fêststeld. Giet dan oer nei:
Punt 1 (iepenbiere oarder en feiligens). Mei 3 stimmen tsjin (fraksje fan GB 2000) en de rest foar
wurdt dit foarstel oannomen.
Punt 2 (jongereinwurk). Mei 5 stimmen tsjin (fraksjes fan GB 2000 en VVD) en de oaren foar
wurdt dit foarstel oannommen.
Punt 3 (senioarewurk). Mei 5 stimmen tsjin (fraksjes fan GB 2000 en VVD) en de rest foar wurdt
dit foarstel oanommen.
Punt 4 (iepenbier grien). Mei 2 stimmen foar (fraksje FNP) en de oaren tsjin wurd dit foarstel
fersmiten.
Punt 5 (sportakkommodaasjes en sportsubsydzjes). Mei 5 stimmen tsjin (fraksjes fan GB 2000 en
VVD) en de oaren foar wurdt dit foarstel oannommen.
Punt 7 (bestriden fan glêdens). Mei 5 stimmen tsjin (fraksjes fan GB 2000 en VVD) en de oaren
foar wurdt dit foarstel oannommen.
Punt 8 (gemeentlik ûnderwiisbelied). Mei 5 stimmen tsjin (fraksjes GB 2000 en VVD) en de oaren
foar wurdt dit foarstel oannommen.
De hear Bijlsma (FNP): Wol punt 6 (ferkear) yn stimming bringe. Men wol net 27.500 mar
13.500 besunigje. Dit is in besuniging dy't in relaasje hat ta de 187.000.
De foarsitter: Bringt it yn stimming. Mei 5 stimmen tsjin (fraksjes GB 2000 en VVD) en de oaren
foar wurdt dit foarstel oannommen.
Pagina 13
04. Ferslach 14-06-2004/absh/13