Wethâlder Van den Berg: Het is onverantwoord om 50.000/100.000 te bezuinigen op het on derhoud van de wegen. Daarom wordt deze motie ontraden. De hear De Vries (PvdA): Men hat earst de rapporten as útgongspunt. Mar yn de praktyk kin dat oars útwurke wurde. Boek dat yn. De foarsitter: De ried kin yngrediïnten beskikber stelle. De bedriuwsfiering en de útfiering binne oan it kolleezje. Wethâlder Van den Berg: Wat de heer De Vries aanhaalt, gebeurt al binnen de bedrijfsvoering. De hear Bouma (VVD): Nimt de moasje werom en komt der yn septimber op werom. De foarsitter: Giet earst oer nei de dekking fan de foarstellen fan de FNP. Punt 9: 50.000 besunigje op ûnderhâld fan de wegen. Mei 5 stimmen (fraksjes fan GB 2000 en VVD) tsjin en 9 foar wurdt dit foarstel oannommen. Punt 10 (promoasje) is weromlutsen. Punt 11 (doarpswachten) 10.000 as taakstelling foar it kolleezje. Mei 3 stimmen tsjin (fraksje GB 2000) en de oaren foar wurdt dit foarstel oannommen. Punt 12 (opbringst ferkeap Tusken de Marren 70.000). De hear Bijlsma (FNP): De fraksje fan de PvdA hat foarsteld om dit by de begrutting te belûken. De FNP kin him dêryn fine. De foarsitter: Dan de OZB mei 2% ferheegje? De hear Bijlsma (FNP): No noch net, mar dat by de begrutting besjen. De hear De Vries (PvdA): Sjocht dat op deselde wize as de FNP. De foarsitter: Konkludeart dat it yn de hjerst sa oan de oarder komt. De ried hat 60.000 oan ynkomsten fêststeld. Giet dan oer nei: Punt 1 (iepenbiere oarder en feiligens). Mei 3 stimmen tsjin (fraksje fan GB 2000) en de rest foar wurdt dit foarstel oannomen. Punt 2 (jongereinwurk). Mei 5 stimmen tsjin (fraksjes fan GB 2000 en VVD) en de oaren foar wurdt dit foarstel oannommen. Punt 3 (senioarewurk). Mei 5 stimmen tsjin (fraksjes fan GB 2000 en VVD) en de rest foar wurdt dit foarstel oanommen. Punt 4 (iepenbier grien). Mei 2 stimmen foar (fraksje FNP) en de oaren tsjin wurd dit foarstel fersmiten. Punt 5 (sportakkommodaasjes en sportsubsydzjes). Mei 5 stimmen tsjin (fraksjes fan GB 2000 en VVD) en de oaren foar wurdt dit foarstel oannommen. Punt 7 (bestriden fan glêdens). Mei 5 stimmen tsjin (fraksjes fan GB 2000 en VVD) en de oaren foar wurdt dit foarstel oannommen. Punt 8 (gemeentlik ûnderwiisbelied). Mei 5 stimmen tsjin (fraksjes GB 2000 en VVD) en de oaren foar wurdt dit foarstel oannommen. De hear Bijlsma (FNP): Wol punt 6 (ferkear) yn stimming bringe. Men wol net 27.500 mar 13.500 besunigje. Dit is in besuniging dy't in relaasje hat ta de 187.000. De foarsitter: Bringt it yn stimming. Mei 5 stimmen tsjin (fraksjes GB 2000 en VVD) en de oaren foar wurdt dit foarstel oannommen. Pagina 13 04. Ferslach 14-06-2004/absh/13

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 15