Der wurdt fierder neffens de foarstellen besletten. De foarsitter: Bringt de oanpak fan de wâlkanten yn Aldeboarn yn diskusje. Konkludeart dat de ried mei it foarstel ynstimme kin. Der wurdt neffens it foarstel besletten. 11Foarstel oangeande de maaitiidsnota 2004. De hear De Vries (PvdA): Kin mei de 4 punten ynstimme. De hear Bijlsma (FNP): Kin dat ek. Wiist op de oast yn punt 4: de romte foar nij belied. Der komt ek noch in diskusje oer de pjutteboartersplakken en wol witte hoe't dat yn elkoar stekt. De hear Bouma (VVD): Hat noch gjin antwurd op de maaitiidsnota (maaiesirkulêre). Kin mei de rest ynstimme. De hear Hemminga (GB): Is tsjin ferheging fan de OZB (sa komt men oer de 10% yn twa jier) út- sein it tapassen fan it ynflaasjepersintaazje. Wol noch in echte takendiskusje om te sjen wêr't romte sit. De hear Bijlsma (FNP): De OZB soe yn 2005 mei 2% ynflaasjepersintaazje ferhege wurde en no- chris 2%. Sa is dat yn de mearjierrebegrutting óf praat. De hear Hemminga (GB): Hjir wurdt de 2% ekstra steld dat kin allinne it ynflaasjepersintaazje wê- ze. De hear Bijlsma (FNP): Yn de mearjierrebegrutting is 2% as ynflaasjepersintaazje opnommen en 2% ekstra. De hear Hemminga (GB): As dat sa besletten is dan moat men soks aksepteare. Wethâlder Van den Berg: Er is op 11 november 2003 besloten om 2% inflatie en 2% extra op de OZB toe te passen. Bij 3% is er een gesloten meerjarenraming. De meicirculaire wordt momenteel ondertekend. Er is nog geen nieuws te melden. De hear De Vries (PvdA): Om de mearjierrerûzing wer yn balâns te krijen soe der 3% by moatte neffens de wethâlder. Mar de ried soe ek mei minder romte foar nij belied genoegen nimme kin- ne. Wethâlder Van den Berg: Hat it allinne as foarbyld oanjûn. De hear Bijlsma (FNP): Hoe kin men dan fia de krante fan oare gemeenten sinjalen krije dat it (de maaiesirkulêre) net tafalle sil? Wethâlder Van den Berg: It is per gemeente ferskillend. Yn dit foarjier is der 250.000 delset. Guon gemeenten hawwe foar 50% in 'behoedzaamheidsreserve' fêststeld. Boarnsterhim hat dat net dien. Twadde termyn De hear Bijlsma (FNP): Op side 8 yn de maaitiidsnota komt de gemeente 30.000 yn 2005 te koart. Der bliuwt per saldo 220.000 oer foar nij belied en dat wurdt troch de legere dekking wat leger. Hoe komt men ta de ynset fan nij belied? It folgjende punt op wurklist stiet dêrmei faai. Pagina 14 04. Ferslach 14-06-2004/absh/14

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 16