BOARNSTERHIM
gemeente
Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op moandei
14 juny 2004 om 13.30 oere yn de kantine fan it gemeentehûs oan de J. W. de Visserwei 10 te
Grou.
Oanwêzich:
Foarsitter: de hear Y. Dijkstra
Griffier: de hear H.O. Hoekstra
De riedsleden:
fan de PvdA: mefrou J. Dekker-Hoogeveen, de hearen J.R. Soeten, A.J. de Vries, J. Zijlstra en
J. Roorda
fan GB2000: mefrou T.D. Troost-Akkerman, de hearen J. Hemminga en S. van der Meer
fan de VVD: de hearen S. Bouma en M. van der Sluis
fan it CDA: de hearen J. Gerbrandij en G. de Jong
fan de FNP: de hearen S.G. Janse en A. Bijlsma
De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders:
mefrou K. van den Berg-Wiersma, mefrou J. Bouma-van den Brink en de hearen Y. Dijkstra en
H.A. Jonkers
Mei kundskip ôfwêzich: mefrou E. Verkerk (VVD), de hear N. Boringa (GB2000) en de hear
D. van der Meulen (CDA)
Iiepening.
De foarsitter iepent de gearkomste, hyt elkenien wolkom en meldt dat de de hear De Vries wat
letter komt yn ferbân mei berte fan in soan. Griffier Frensel wurdt ferfongen troch de hear
Hoekstra. By 10 en 11 kinne der skôgingen hâlden wurde yn in bepaalde folchoarder. By dizze
agindapunten jildt in sprektiidbeheining. Foar de fraksjes yn de earste termyn 15 minuten en yn
de twadde termyn 10 minuten. De sprektiidbeheining jildt ek foar it kolleezje, resp. 35 en 30 mi
nuten.
2. Gelegenheid om te sprekken oer punten fan de wurklist foar boargers.
Der wurdt fierder gjin gebrûk fan makke.
3. It fêststellen fan de wurklist.
De hear Zijlstra (PvdA): Punt 9 graach nei punt 11
De foarsitter: Stelt fêst dat de ried dêrmei akkoart giet.
4. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 18 maaie 2004.
Mefrou Dekker (PvdA): Op side 4: 'As de Drijfveer de camping oernimt, dan moat de saak wol
ûnderhâlden wurde' moat wêze 'As de Drijfveer de camping oernimt, dan soe it goed wêze dat
de Drijfveer it ûnderhâld fersoarget op de camping.'
De foarsitter: It ferslach wurdt mei dy wiziging goedkard en fêststeld.
5. Ynkommen stikken.
Oer 2: Mefrou Dekker (PvdA): Mefrou Van der Leij sil wol in reaksje hawwe moatte op har iepen
brief.
04. Ferslach 14-06-2004/absh/1