De foarsitter: Sa wurdt it ôfpraat.
Oer 8: De hear Roorda (PvdA): Graach yn de kommisje op de aginda. Der is nochal wat ûnseker-
heid. Byprate oer de stân fan saken.
Oer 6: De hear Van der Sluis (VVD): Wêrom is de bylage net oanwêzich en hoe heech is de skea-
claim? Wa draait derfoar op? Is de gemeente dêrtsjin fersekere?
De foarsitter: Soe de winsk fan de hear Roorda honoreare wolle. Soe oer punt 6 wiidweidiger yn
de kommisje prate wolle of de fragen skriftlik beäntwurdzje litte troch it kolleezje.
Mefrou Dekker (PvdA): It kin fia in skriftlike beäntwurding.
De foarsitter: It kolleezje sil skriftlik de fragen beäntwurdzje en nei oanlieding fan dy antwurden
kin it mooglik noch wer yn de kommisje komme.
De hear Van der Sluis (VVD): Hat noch gjin antwurd wêrom de bylage der net by wie.
De foarsitter: Hat it antwurd dêrop net paraat. Dat sil Onderdiel fan it skriftlik antwurd wêze. Der
wurdt fierder konfoarm it foarstel besletten.
6. Foarstel ta ynstimming mei de notysje 'Planschade'.
De hear Janse (FNP): Yn de kommisje joech it kolleezje foarstel 6a yn oerwaging. It risiko leit yn
6a by de ûntwikkeler. No hat it kolleezje dat foarstel net oernommen. De FNP is fan betinken dat
6a wol oernommen wurde moat. De kommisje wie der unanym foar. De planskea moat foar de
gemeente safolle mooglik beheind wurde. Tusken it fêststellen fan de notysje en de útfiering fan
de haastwet kin art. 6a tapast wurde. Dat kin in protte jild besparje. Punt 6a oanhâlde en net 6.
De hear Van der Sluis (VVD): Slút him oan de by de hear Janse. Hy is it net iens mei foarstel 2.
De termyn wurdt dan fierstente lang. De arguminten fan it kolleezje hearre net yn de 26 wiken
thús. Dy termyn giet pas yn as de oanfraach folslein is. Wol fan de oare partijen witte hoe't dy
oer in eventueel amendemint tinke.
Wethâlder Bouma: It kolleezje soe der gjin muoite mei om 6a oer te nimmen. It foarstel fan de 2x
26 wiken fan de hear Van der Sluis: der stiet yn it stik 'yn útsûnderlike gefallen'. Dat wol fêstliz-
ze om beswieren letter tefoaren te kommen.
Twadde termyn
Mefrou Dekker (PvdA): Hat yn de kommisje frege oft it risiko by de projektûntwikkeler lein wurde
kin. Dat blykt wol mooglik te wêzen. De PvdA kin meigean mei de FNP. Oer de 26 wiken: As it
yn de praktyk sa wurket as hjir dellein is dan kin men dy 26 wiken oanhâlde.
Mefrou Troost (GB): GB kin him yn it foarstel fan de FNP fine. Yn de praktyk kin men faak de 26
wiken wol oanhâlde. En it kolleezje en it amtners sille de terminen wol yn de gaten hâlde.
De hear Van der Sluis (VVD): Tsjinnet it amendemint yn. Oer foarstel 2: "Kan de gemeenteraad
binnen 13 weken na ontvangst van de complete aanvraag het verzoek afwijzen". By de ferlinging
wurdt 26 yn 13 feroare.
De hear Janse (FNP): Giet derfan út dat men 6a oernimt. De gemeente moat de planskeaprose-
duere sa gau mooglik ôfhannelje. De 26 wike kin jilde foar de útsûnderingsgefallen.
Pagina 2
04. Ferslach 14-06-2004/absh/2