De hear De Jong (CDA): It CDA giet mei it foarstel fan de FNP akkoart en ek mei it foarstel fan
de VVD.
Wethâlder Bouma: It kolleezje wol 6a wol oernimme. Wat it oare foarstel oangiet: men hat ek
oerlis nedich en it giet om útsûnderingen.
De foarsitter: Konkludeart dat de ried mei it oernimmen fan 6a akkoart giet. Freget de fraksjes
hoe't oer it foarstel fan de VVD tocht wurdt. Trije leden, te witten de leden Bouma, Van der Sluis
en De Jong binne foar en de oaren binne tsjin en it amendemint wurdt dêrmei fersmiten. Dêrta
wurdt besletten.
7. Foarstel ta wegering fan it bouplan foar it oprjochtsjen fan in opfok-ôfrichthal op it perseel Bu-
orren 1 te Tersoal.
De hear Van der Sluis (VVD): Yn prinsipe is de VVD foar stimulearring fan ekonomyske aktivitei-
ten. De oanfreger soe derby holpen wurde moatte. Mar as de fierder gjinien op reageare wol, dan
sil de VVD him der fierder net mear mei ynlitte.
Wethâlder Bouma: Yn it bestimmingsplan bûtengebiet kin agraryske aktiviteiten tastien wurde.
As dy bestimming yn in bedriuwsaktiviteit omset wurdt dan wurdt it bûtengebiet op in ferkearde
wize ûntwikkele. Der moat earne in skieding lizze.
Twadde termyn
De hear Janse (FNP): De FNP wol dit net op dizze wize realiseare. Straks opnij besjen by bestim
ming bûtengebiet wat foar mooglikheden der binne.
De foarsitter: Konstateart dat de ried unanym foar it foarstel is. Dêrta wurdt besletten.
8. Foarstel oangeande it projekt Súdwâl Warten.
De hear Bijlsma (FNP): Men kin ynstimme mei punt 1. De FNP hie graach in beheinde eksploitaas-
jesubsydzje sjoen. Der wie lykwols gjin draachflak foar yn de kommisje.
De hear Gerbrandij (CDA): Ynstimming mei punt 1. Toan de goede wil yn ferbân mei punt 2 en
jou in subsydzje fan 4.000.
De hear Roorda (PvdA): It is in prachtich plan. Is it iens mei punt 1Mei eksploitaasjesubsydzje
moat hoeden omgien wurde. Wannear net en wannear wol? Besykje gearwurking te ûntwikkeljen
en dan moat it slagje om ek oantreklik tewurden foar kommersjele partners.
Wethâlder Jonkers: Legt uit waarom het niet wenselijk om exploitatiesubsidie te geven. Als de
exploitatie niet sluitend gemaakt kan worden, dan is het geen goed project. Heeft gewezen op
samenwerking met andere activiteiten. In principe verleent de gemeente geen medewerking aan
zulke subsidies. Anders kan elke vereniging of stichting wel om een dergelijke subsidie vragen.
Twadde termyn
De hear Gerbrandij (CDA): It CDA stiet iepen foar goede arguminten en is oertsjûge troch dy fan
de wethâlder.
De foarsitter: Der wurdt neffens it foarstel besletten. Biedt de hear De Vries dy't yntusken bin
nenkommen is in bosk blommen oan yn fergbân mei de berte fan in soan.
Pagina 3
04. Ferslach 14-06-2004/absh/3