10. Foarstel oangeande de takendiskusje. De foarsitter: De fraksjes meitsje seis út oft men skôgings hâlde wol. By wiziging moat men in wol finansjele oplossing oandrage. De hear Bijlsma (FNP): De wrâld leit der op dit stuit foar de gemeente Boarnsterhim, en dy net al- linnich, net geunstich hinne. De ekonomy, en foaral dy yn it Noarden, rekket sa mar net wer oan de praat en it kabinet nimt ôfskied fan it Noarden en Fryslân yn it bysûnder, mei as gefolch op- droegjende subsydzjestreamen, ek út Brussel wei. Dit alles hat syn konsekwinsjes foar de ge meente Boarnsterhim. Tel derby alle taken, dy't wy út Den Haach oerkrije sûnder de nedige fi nansjele middels, besúnigings yn it gemeentefûns en mooglik it ôfskaffen fan it brûkersdiel fan de OZB en it finansjele plaatsje fan de gemeente is rûn. Of eins net rûn. Hielendal net rûn! Wy soene derom mei de takediskusje rom 1 miljoen Euro besúnigje: rom 5 ton om de begrutting 2005 rûn te krijen, 250.000 Euro om mooglike besúnigings fan it Ryk yn it gemeentefûns op te fangen en 250.000 Euro foar nij belied. It is dúdlik, dat dizze besúniging net helle is. De ynfeste- arings, dy't trochskoud wiene nei 2005 en fierder, kinne net werom helle wurde. Al mei al bliuwt der dan noch wol romte om 250.000 Euro Ryksbesúnigings op te fangen en om, op 30.000 Euro nei, foar 250.000 nij belied yn gong te setten. Mar dan moatte de beslúnigings út de takediskus je wol folslein helle wurde. Sa net, dan moat it opfongen wurde út de romte foar nij belied. Wy hawwe it no oer de begrutting fan 2005. Lykwols is der yn in earste sessy fan de takedis kusje oanjûn, dat guon saken net yn 2005 mar mooglik wol yn 2006 as yn 2007 te besúnigjen binne. As wy te praat komme oer de mearjierrebegrutting soene wy graach sjen dat dit dan ek meinommen wurdt. No is dit folslein út byld. Earder wie der in jierliks budzjet foar nij belied, nammentlik de rinte fan 4 miloen gûne. En dat wie in struktureel bedrach fan 240.000 gûne. Dizze reserve, werfan de rinte ôfkomstich wie, hawwe wy ynsetten foar saken, der't it net foar ornearre wie, en no soe der wer jild frijmakke wurde moatte foar nij belied? En ek noch wol mear as it dûbele fan wat earder beskikber wie? En der soene wy dan ferskate besúnigings foar trochfiere moatte? Wy tinke, dat dit net moat. De fraksje fan de FNP is fan miening, dat it al hiel moai wêze soe as wy mei de besúnigings yn it ramt fan de takediskusje de hegere Ryks-besúnigings opfange kinne. As der dan al noch wat oer- bliuwt dan soe in allerearste oerwaging wêze moatte om needsaaklike ynfestearings werom te heljen. Wy tinke dan oan de wâlkanten yn Aldeboarn en de ûnderwiishúsfestiging. Mar ek oan it ûnderwiis-jeugdbelied en de pjutteboartersplakken. De fraksje fan de FNP is fan betinken, dat der wol wat romte foar nij belied wêze moat. Sy wol dy romte lykwols net kreëare fia besúnigings mar mei rinte-opbringsten, bygelyks fan de opbringst fan de ferkeap fan "Tusken de Marren". In hegere belesting fan ús ynwenners troch de OZB te ferheegjen is foar de FNP lykwols net in opsje. Dit jier wie der al in ferheging fan 7,5 en yn 2005 sit der in ferheging yn fan 4 Yn de ôfrûne winter hat de ried in takediskusje fierd. Der is it ien en oar oan besúnigings útkom- men, der't wy it net alhiel as hielendal net mei iens binne. Foar alle dúdlikens: der't de gemeente Boarnsterhim yn fergeliking mei oare gemeenten efterbliuwt, en dan giet it mei namme om wol- wêzen en ûnderwiis, der sil de fraksje fan de FNP net meigean yn útstellen om te besúnigjen. Us ynstek is en bliuwt om de saneamde "sêfte sektor" te ûntsjen en de besúnigings te sykjen yn de saneamde "hurde sektor". It maatskiplik rendemint fan it earste skatte wy nochal wat heger yn en wy achtsje dat heech. Wy meitsje ús soargen oer de kosten fan de mazjeure projekten, lyk as "Grou yn beweging", it wetterfront en no wer it opheegjen fan de spoarbrêge yn Akkrum. Dit kostet in slompe jild dat mooglik it útfieren fan in goed wolwêzens- en ûnderwiisbelied yn de wei stiet. Hjir binne wy dúd- lik net gelokkich mei, noch ôfsjoen fan it feit, dat it almar om de 2 as 3 grutte doarpen giet, wer- by de rest fan de lytsere doarpen fergetten lykje te wurden. It komt der op del, dat de fraksje fan de FNP de folgjende saken út de besúnigingslist helje wol. Ynearsten is it in list om yn de diskusje te brûken, mar kin en sil as amendeminten ynbrocht wur de as dat nedich is. Pagina 4 04. Ferslach 14-06-2004/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 6