3.
4.
lepenbiere oarder en feiligens - doarpswachten (1.8):
Foar de fraksje fan de FNP is it de fraach as it wol effektyf is om op dizze
post te besúnigjen. Fanút it ús oanrikte dokumint kiest de fraksje fan de FNP
foar behâld fan 2,5 doarpswachten, dat in besparring oplevert fan 43.192
wertroch der stean bliuwt en net te besúnigjen (mar oars te dekken) 39.468,00
Jongereinwurk (2.3):
De fraksje fan de FNP kiest der foar om net op dit foar de jongerein wichtige
begeliedingswurk te besúnigjen 20.000,00
Senioarenwurk (2.4):
De fraksje fan de FNP kiest der foar om net op dizze post te besúnigjen, seker
net yn dizze tiid fan tanimmende fergrizing en oandacht foar âlderein (soarch,
wolwêzen, húsfesting) 15.000,00
lepenbier grien (2.12):
Nei alle klachten en de derop basearre pilot yn Reduzum en Akkrum liket it
de fraksje fan de FNP net ferstannich om op it ûnderhâld fan it iepenbier grien
te besúnigjen 40.000,00
5. Sportakkomodaasjes en sportsubsydzjes (3.6):
De fraksje fan de FNP is fan miening, dat hjir wolris ûndersyk nei dien wurde
kin, mar fynt foarlopich, dat hjir net op besúnige wurde kin 20.000,00
(yn de kolom mei in relaasje ta de 187.000 fait hjir dan in bedrach fan
7.000,00 fuort, mar dat kin yn ús belibjen wol lije!)
6. Ferkear (4.1
It liket de fraksje fan de FNP net in goede saak ta om nei in besúniging fan
12.686 yn 2004 hjir nochris 27.500 op te besúnigjen. Wy soene dizze
besúniging beheine wolle ta 13.500 (sa bliuwt de 187.000 yn stân)
7. Bestriden fan glêdens (4.6):
De fraksje fan de FNP is fan miening, dat hjirmei mooglik ûnfeilige sitewaasjes
ûntstean kinne en wol hjir net op besúnigje 3.500,00
8. Gemeentlik ûnderwiisbelied (6.1):
De fraksje fan de FNP wol meigean yn de troch BOBOB ynbrochte
besúniging fan 11.500,00 troch hjirfoar yn eigen budzjetten romte te
sykjen; de tagelyk útere winsk om it ûnderwiis-jeugdbelied stal te jaan wolle
wy meinimme yn de mooglike diskusje yn it ramt fan nij belied; de besúniging
wurdt hjirmei net 15.000,00 mar 11.500,00 en dit skeelt 3.500,00
Totaal te skrassen út de list fan besúnigings: 141.468,00
Boppesteand totaalbedrach kin yn ús betinken sa dutsen wurde:
9. Underhâld wegen:
Wy binne fan betinken, dat it wol lije kin en doch de kommende jierren
wat minder oan it ûnderhâld fan wegen
10. Promoasje:
In besúniging op û.o. de kosten fan aktiviteiten, lyk as it skûtsjesilen en
de bedriuwekontaktdagen
11Doarpswachten:
De fraksje fan de FNP mient, dat der foar it wurk fan de doarpswachten ek
wol ynkomsten generearre wurde kinne
12. Opbringst ferkeap "Tusken de Marren":
De fraksje fan de FNP is fan miening, dat de opbringst fan de ferkeap fan
rekreaasjekompleks "Tusken de Marren", dat yn 2004 yn de planning stiet,
foarlopich op rinte setten wurde moat en dat dizze rinte brûkt wurde moat
foar nij belied; in rûzing fan dizze rinte-ynkomsten
Totaal
40.000,00
10.000,00
20.000,00
70.000,00
140.000,00
Pagina 5
04. Ferslach 14-06-2004/absh/5