3. 4. lepenbiere oarder en feiligens - doarpswachten (1.8): Foar de fraksje fan de FNP is it de fraach as it wol effektyf is om op dizze post te besúnigjen. Fanút it ús oanrikte dokumint kiest de fraksje fan de FNP foar behâld fan 2,5 doarpswachten, dat in besparring oplevert fan 43.192 wertroch der stean bliuwt en net te besúnigjen (mar oars te dekken) 39.468,00 Jongereinwurk (2.3): De fraksje fan de FNP kiest der foar om net op dit foar de jongerein wichtige begeliedingswurk te besúnigjen 20.000,00 Senioarenwurk (2.4): De fraksje fan de FNP kiest der foar om net op dizze post te besúnigjen, seker net yn dizze tiid fan tanimmende fergrizing en oandacht foar âlderein (soarch, wolwêzen, húsfesting) 15.000,00 lepenbier grien (2.12): Nei alle klachten en de derop basearre pilot yn Reduzum en Akkrum liket it de fraksje fan de FNP net ferstannich om op it ûnderhâld fan it iepenbier grien te besúnigjen 40.000,00 5. Sportakkomodaasjes en sportsubsydzjes (3.6): De fraksje fan de FNP is fan miening, dat hjir wolris ûndersyk nei dien wurde kin, mar fynt foarlopich, dat hjir net op besúnige wurde kin 20.000,00 (yn de kolom mei in relaasje ta de 187.000 fait hjir dan in bedrach fan 7.000,00 fuort, mar dat kin yn ús belibjen wol lije!) 6. Ferkear (4.1 It liket de fraksje fan de FNP net in goede saak ta om nei in besúniging fan 12.686 yn 2004 hjir nochris 27.500 op te besúnigjen. Wy soene dizze besúniging beheine wolle ta 13.500 (sa bliuwt de 187.000 yn stân) 7. Bestriden fan glêdens (4.6): De fraksje fan de FNP is fan miening, dat hjirmei mooglik ûnfeilige sitewaasjes ûntstean kinne en wol hjir net op besúnigje 3.500,00 8. Gemeentlik ûnderwiisbelied (6.1): De fraksje fan de FNP wol meigean yn de troch BOBOB ynbrochte besúniging fan 11.500,00 troch hjirfoar yn eigen budzjetten romte te sykjen; de tagelyk útere winsk om it ûnderwiis-jeugdbelied stal te jaan wolle wy meinimme yn de mooglike diskusje yn it ramt fan nij belied; de besúniging wurdt hjirmei net 15.000,00 mar 11.500,00 en dit skeelt 3.500,00 Totaal te skrassen út de list fan besúnigings: 141.468,00 Boppesteand totaalbedrach kin yn ús betinken sa dutsen wurde: 9. Underhâld wegen: Wy binne fan betinken, dat it wol lije kin en doch de kommende jierren wat minder oan it ûnderhâld fan wegen 10. Promoasje: In besúniging op û.o. de kosten fan aktiviteiten, lyk as it skûtsjesilen en de bedriuwekontaktdagen 11Doarpswachten: De fraksje fan de FNP mient, dat der foar it wurk fan de doarpswachten ek wol ynkomsten generearre wurde kinne 12. Opbringst ferkeap "Tusken de Marren": De fraksje fan de FNP is fan miening, dat de opbringst fan de ferkeap fan rekreaasjekompleks "Tusken de Marren", dat yn 2004 yn de planning stiet, foarlopich op rinte setten wurde moat en dat dizze rinte brûkt wurde moat foar nij belied; in rûzing fan dizze rinte-ynkomsten Totaal 40.000,00 10.000,00 20.000,00 70.000,00 140.000,00 Pagina 5 04. Ferslach 14-06-2004/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 7