De hear Gerbrandij (CDA): Hoe stiet it der foar mei de werynrjochting Swette-De Burd? De plarifoarming komt ynkoarten oan de oarder yn de begrutting fan de LNV. It is in goede saak om oan de ein fan it jier oan de ried hearre te litten hoe't de flagge der by hinget. Dan kin men der yn de foarjiersnota rekken mei hâlde. De foarsitter: Zij zegt toe dat zij duidelijkheid zal geven voor het einde van het jaar hoe het ervoor staat, wat er op stapel staat en wat voor financiële consequenties het heeft. De hear Zijlstra (CDA): Der wurdt troch Provinsjale Steaten in harksit organisearre oer it streekplan. Hoe wurdt de gemeente fertsjintwurdige? Hy neamt û.o. omtinken foar it bedriuweterrein yn Akkrum. De Marrekrite hat grutte ambysjes: men wol foarsjennings op lân en wetter yn elkoar oer rinne litte. It CDA soe graach wolle dat de Marrekrite dêrby it earst oan de gemeente Boarnsterhim tinkt. Bygelyks soks tapasse yn de Legean. En der kin ek in link makke wurde nei de plannen van Van Hall "Oude paden, nieuwe wegen'. Wol it kolleezje der by de Marrekrite dêrop oanstean? Wethâlder Minkes: Sy sil by de réaksjenota fan Provinsjale Steaten oanwêzich wêze. It kolleezje sil nochris in kear de finger opstekke. De oare suggestje fan de hear Zijlstra sil sy oan har kollega meijaan. 4.6 Slute De voorzitter bedankt iedereen voor de inbreng en sluit de vergadering om 21.35 uur. yn de iepenbiere riedsgearkomste fan 31 oktober 2006 de griffier; de foarsitter, M. Frensel P. Schadd-de Boer Op de publike tribune sieten neist parse en amtlike meiwurkers 3 minsken. Pagina 8 1 03 Ferslach 03-10-2006/absh/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 10