BOARNSTERHIM gemeente Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op tiisdei 3 oktober 2006 om 20.00 oere yn OSG Sevenwolden, Burstumerdyk 5 te Grou. Oanwêzich: Foarsitter: mefrou P. Schadd-de Boer Griffier: de hear M. Frensel De riedsleden: fan de PvdA: mefrou J. Dekker-Hoogeveen, mefrou P.M. Esser, de hearen B. de Jong, J.W. de Visser, H. Vellinga en T. de Boer fan GB2000: de hear J. Hemminga fan de VVD: de hearen S. Bouma en M. van der Sluis fan it CDA: mefrou A. Meinderts-Goinga, de hearen J.S. Zijlstra en J. Gerbrandij fan de FNP: mefrou L. Veldstra-Lantinga, mefrou G.R. Jonkman-Kalsbeek en de hear A. Seldenrust De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: de wethâlders mefrou M.E. Minkes en de hear D. van der Meulen en de hear C.l. Koffeman (gemeentesekretaris) Fierder oanwêzich: de hearen J. Melchers (plysje Grou), T. Feitsma (foarsitter begeliedingsgroep) en K. de Jong (Jongereinried) Mei kundskip ôfwêzich: de hearen R. van der Woude (PvdA) en A.J. de Vries (wethâlder) Fierder ôfwêzich: de hear S. van der Meer (GB2000) 1. ALGEMIEN 1.1 lepenje De foarsitter hyt alle oanwêzigen en de harkers fan de Boarnsterstim fan herte wolkom. In spesjaal wolkom is der foar de jongereinried. 1.2 Fêststellen fan de wurklist De wurklist wurdt ûnferoare fêststeld. 1.3 Fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 5 septimber 2006 De hear De Visser (PvdA): Op side 5 moat it wêze in ton 'heger' ynstee fan 'leger'. De foarsitter: It ferslach wurdt mei de wiziging goedkard en fêststeld. 1.4 Ynkommen stikken Punt 3 Mefrou Veldstra (FNP): Oer de nijsbrief 'Op weg naar een verkeersveilige school'. Hat it kolleezje oan de aksje meidien? Is der wolris yn kaart brocht hoe feilich de paden nei skoallen binne? De foarsitter: Het is eigenlijk de bedoeling dat men dit soort vragen in de rondvraag of op een andere wijze aan de orde stelt. Zij wil in de werkgroep dualisme nog eens bekijken hoe men met deze stukken omgaat. 1 03 Ferslach 03-10-2006/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 3