Mefrou Esser (PvdA): De PvdA kin wol meigean mei it fuortsetten fan de proef. It is net dúdlik wêr't de ferpleatsing fan de diskoteek weikomt en men is net sa wiis mei de oanbefellings omdat dy net goed ûnderboud binne. De hear Hemminga (GB): De measte partisipanten binne bliid mei de útkomsten fan it stik. Dêrmei is de oerlêst noch net oan de kant. Wat kin dêr noch mear oan dien wurde? Wat docht it kolleezje mei de oanbefellings? De hear Bouma (VVD): De VVD wie tsjin de proef en in kwart fan de ynwenners is no noch tsjin de proef. Der wurdt sein dat der in taname fan ynsidinten is. Is dat relateard oan de proef? De polityk moat him net ynlitte mei de ferpleatsing fan de diskoteek, of it soe in hiel grut probleem wêze moatte. De oerlêst sil oer de hiele nacht wol langer duorje. Der sil mear tasicht komme moatte en wa komt dêr foar op? De ferfiersmooglikheden soenen ferbettere wurde moatte. Tagelyk wurdt der minder gebrûk makke fan de taksy's. Hoe sit dat no krekt? Grosso modo is de VVD foar de oanbefellings en de proef kin foar har wol trochgean. Mefrou Veldstra (FNP): De FNP woe in totaalbyld krije fan de drokte yn de simmer- en winterperioade. De FNP-fraksje wie doedestiids eins net foar de ferromming fan de slutingstiden. Der binne noch genôch ferbetterpunten, û.o. oangeande it alkoholmatigingsbelied en it ôffieren fan de besikers. De ried hoecht no net in beslút te nimmen oer de ferpleatsing fan de diskoteek nei bûten it sintrum. Dat soe lykwols wol ûndersocht wurde kinne. Sy sjocht noch wol in protte swerfôffal en sy soe graach hawwe wolle dat de bakken en konteners better lege wurde, benammen yn de simmer. Oer in jier soe der in tuskenrapportaazje komme moatte. It belied moat liede ta in feilich en leefber útgeansklimaat. Men moat yn petear gean mei de jongerein. De ried soe ris oan in kroegetocht meidwaan moatte. Dan wit men wat der sa nachts op de dyk bart. De hear Zijlstra (CDA): It CDA is wiis mei it deeglik ûndersyk. Foar de oanbefellings wol it CDA har benammen rjochtsje op it tafersjoch en der moat genôch omtinken wêze foar it ferfier fan it publyk. De eventuele ferpleatsing fan de diskoteek: dat moat útgean fan de ûndernimmer. Mefrou Schadd-de Boer (portefuljehêlder): Is blij met de positieve geluiden over het rapport. Uit het onderzoek blijkt duidelijk dat het door de spreiding voor de politie hanteerbaarder wordt. De helft van de omwonenden is voor de verruiming van de sluitingstijden. Alle overlast is daarmee niet verdwenen. In de aanbevelingen wordt gerept over beter toezicht. Men heeft in de voorjaarsnota extra geld opgenomen voor de dorpswachten en die kunnen daarbij ingezet worden. Het alcoholmatigingsbeleid zal beter vorm moeten krijgen omdat de situatie, ook in combinatie met het gebruik van drugs, zorgelijk is. Men zou al op de basisschool met voorlichting moeten beginnen. Men zal blijvend moeten inzetten op een goed geregeld vervoer. Ook zal men serieus om moeten gaan met de vraag van sommige omwonenden over verplaatsing van de discotheek. Mefrou Dekker (PvdA): Der stiet: 'besluit de aanbevelingen die in de eindrapportage worden gesteld over te nemen en uit te voeren'. Dat betsjut noch al wat. Mefrou Schadd-de Boer (portefuljehêlder): De uitvoering is om ernaar te kijken en niet om het direct uit te voeren. Er is inderdaad een toename van het aantal incidenten. Dat is een algemeen beeld. Als men kijkt naar de vernielingen en mishandelingen blijkt dat het in het centrum van Grou juist niet vaker voorkomt. De aangiftebereidheid stijgt eveneens. De hear Melchers: Die stijging is overal te constateren. Men kan de overlast nooit helemaal voorkomen. Pagina 3 1 03 Ferslach 03-10-2006/absh/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 5