wenning krekt komt. De feilichheid giet der op foarút en der binne mear positive saken te neamen. De PvdA kin ynstimme mei it foarstel. De hear Van der Sluis (VVD): Wêrom hat it sa lang duorre? De VVD giet akkoart mei it foarstel. De hear Seldenrust (FNP): Hy fernuveret him oer de foarige sprekkers. Neffens him wie de FNP de iennige partij dy't der in besprekstik fan meitsje woe. De hear Van der Sluis (VVD): De VVD hie noch gjin antwurden op de stelde fragen krige. De hear Seldenrust (FNP): De FNP hat wol antwurd op har fragen krige en kin ynstimme mei it foarstel. Wethâlder Minkes: Der is keazen foar in koart riedsfoarstel mei ferwizing nei in wiidweidige Onderbouwing. As de ried it wol kin men in oare kear wol mear Onderbouwing yn it foarstel oanjaan. Sy seit ta dat men der wol alerter op wêze sil, mar it kin lykwols noait kompleet wêze. By in frijstellingsfersyk moat frijwat Ondersyk (op argeologysk en ekologysk mêd) dien wurde en dat kostet de nedige tiid. De hear Van der Sluis (VVD): Dat duorret normaal in heal jier. It is dêrom nuver dat it in jier duorre hat. Wethâlder Minkes: It Ondersyk nimt spitigernôch hjoed de dei in protte tiid. Twadde termyn Mefrou Esser (PvdA): Op it kaartsje krijt sy de yndruk dat it hiel ticht oan it wetter komt. It soe der net te ticht op komme moatte. Wethâlder Minkes: Sy wol it léste noch wol eefkes neigean. De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 4.3 Foarstel om de foarkarsregeling Grut Palma yn te lûken De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 4.4 Foarstel om it jierferslach 2005 en it miljeuprogramma 2006 fêst te stellen De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 4.5 Gelegenheid foar riedsleden om fragen te stellen De hear Hemminga (GB): Hy hat fragen oer de útfiering fan de WVG. Oer in mefrou op leeftyd yn in eigen hûs dy't in treplift oanfrege hat. Sy kaam neffens it CIZ yn oanmerking foar de lift. Yn it antwurd fan de gemeente stiet: 'in onze uitvoeringregels is echter aangegeven dat op oudere leeftijd een verhuizing naar een gelijkvloerse seniorenwoning aannemelijk kan worden geacht. Vanaf de aanvraagdatum wordt er een half jaar gezocht naar een adequate woning. Is deze beschikbaar dan wordt u geacht te verhuizen. Hiervoor bestaat geen verhuiskostenvergoeding. Als uit niet wilt verhuizen dan wordt uw verzoek om een bijdrage in de kosten voor een traplift afgewezen. Indien binnen een halfjaar geen adequate woning beschikbaar komt dan wordt alsnog een traplift verstrekt.' Hy fynt dat tige rizjide. Alles mei inoar is it neffens him gjin sosjaal belied. Der moat dochs romte wêze om dér oars mei om te gean? Pagina 5 1 03 Ferslach 03-10-2006/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 7