Wethâlder Minkes: Sy fynt it lestich om in yndividueel gefal te beoardielen as men net fan alle feiten op e hichte is. It belied is lykwols troch de ried fêststeld. It is lestich te beoardielen as dat net goed útfierd wurdt. De hear De Visser (PvdA): Oer de brêge yn Wergea: dy soe yn 2007 ferfongen wurde. Kin dat foar 1 maaie 2007, foar it farseizoen? Yn Aldeboarn bestiet it doarpeteam út 10 minsken. Der binne foar Warten plannen foar in multyfunksjoneel sintrum. Kin it doarpeteam fanút dat sintrum opereare? Wethâlder Van der Meulen: Men is drok dwaande mei de tarieding foar in stik nei de ried oer de oanpak fan de brêge. Hy hopet dat men der dizze winter noch mei út ein sette kin. Wethâlder Minkes: It is fansels noflik dat in doarpeteam fanút in multyfunksjoneel sintrum opereare kin. De hear De Visser (PvdA): Kin it kolleezje tasizze dat men fanút it multyfunksjoneel sintrum opereare kin? Wethâlder Minkes: It kolleezje hat gjin sizzenskip oer it funksjonearen fan de doarpeteams. Dat is °an de wenningboukorporaasjes en de soarchoanbieders. Sy giet dêrfan út dat men der wol gebrûk fan meitsje wol. De hear Bouma (VVD): Op 25 septimber soe der in petear fan it kolleezje wêze mei de GWS en men soe der 4 oktober oer ynformearre wurde. De UMTS-mêsten: op grûn fan in Switserk ûndersyk soe bliken dwaan dat der gjin skea troch ûntstean koe. Der hat letter lykwols in rjochtssaak west yn Nagele en de rjochter hat bepaald dat der fierder ûndersyk plakfine moat. Hoe wol it kolleezje dêrmei omgean? Kommende sneon wurdt der in feestlike start makke mei de werstrukturearring yn Grou, mar de prizen binne noch net bekend en de opbringst is noch net dúdlik. It tekoart soe ôfdutsen wurde troch de ferkeap fan it terrein fan de âlde mafû. Oer Terherne hat men noch wat oanfoljende gegevens krige. Wat is it gefolch en wat is ferfolch? Moat it hiele projekt net foar july 2007 oanlevere wêze? Wethâlder Minkes: Op 17 oktober komt der in wiidweidige presintaasje oer de stân fan saken fan it Wetterfront. It liket har ta dat der oerienstimming is mei it GWS. Oer de UMTS-mêsten: de útspraak yn Nagele liket tsjinstridich mei in eardere útspraak fan de Rie fan Steat. Yn Nagele wie wat oars oan de hân. De minsken hienen in tal tsjinûndersiken ynbrocht. It wie neffens de rjochter net oan de gemeente om har op te stellen as deskundige. Men hie it útsykje litte moatten troch in deskundige. Men is dwaande om as gemeente út te sykjen hoe ien en oar yn Boarnsterhim derfoar stiet. Ynkoarten komt alle ynformaasje nei de ried ta. Yn de mêst yn Jirnsum is UMTS ynbrocht troch KPN. De gemeente hat der in hanthaveningsproseduere op loslitten. It útgongspunt fan it kolleezje is dat UMTS-mêsten safier mooglik bûten de bewenne wrâld komme. Neffens har binne alle troch de hear Bouma bedoelde grûntransaksjes útfierd. De hear Koffeman: Hy sil dêrfoar soargje dat alle ynformaasje dêroer bekend is foardat de earste peal de grûn yn giet. Wethâlder Minkes: De Klassike Skippehaven en it Kupersleantsje binne tige mei inoar ferbûn. Der wie in skorsingsproseduere, mar de skorsing is troch de rjochter net-ûntfanklik ferklearre. De wenningbou moat yn 2007 realisearre wurde en dat is noch altyd it útgongspunt. Men is wol ôfhinklik fan de oare partijen en juridyske saken kinne it bot ophêlde. Pagina 6 1 03 Ferslach 03-10-2006/absh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 8