De hear Bouma (VVD): Hy doelt benammen op de subsydzjes foar de Klassike Skippehaven. Wethâlder Minkes: Dêr rint noch in proseduere oer en dat kin soms lang duorje. De hear Seldenrust (FNP): De FNP hat soarch oer de situaasje om de Abbema-pleats. It moat net in werhelling fan de Halbertsmafilla wurde. Men hat trije jier lyn der ek ris al fragen oer steld. Der soe in parkearprobleem foar Grou oplost wurde, mar der is noch neat bard. Wethâlder Minkes: Sy wiist derop dat men noch yn tal fan oerlissituaasjes sit. Abbema-state stiet op in krúsjaal plak yn Grou. It leit ek yn it midden fan in tal fan Ontwikkelingen: beskerme doarpsgesicht, wensoarchsône, ensfh. Men wol der in totaalplan fan meitsje. Men hat dêr ek mei wetterlopen (Nij Djip) te meitsjen. It ferhaal is fan de tekentafel of en no moat ek de finansjele ynfolling besjoen wurde. Der moat mei omwenners, DB, de Businessclub Grou en de ried noch oer praat wurde. Wethâlder Van der Meulen: Hy hat der net folie mear oan ta te foegjen. Der is al hiel wat sichtber makke troch mefrou Minkes. De hear Bouma (VVD): Der is in fergunning ôfjûn foar 12 apparteminten en in tal parkearplakken. Neffens him hat Coltavast dêr in ferplichting. Wethâlder Van der Meulen: Men is yn in goed petear mei Coltavast en der binne positive Ontwikkelingen. Mefrou Veldstra (FNP): Der is al wiidweidich antwurde op de fragen oer it UMTS-belied. De FNP soe noch in foarljochtingsjûn foar de ynwenners hélde wolle. It soarget foar in protte Onrêst. De foarsitter: Er is volgens haar in het presidium besloten dat men geen informatie-avond zou houden. Mefrou Veldstra (FNP): Sy wie doe op fakênsje. Sy tinkt dat der grut ferlet fan sokke ynformaasje is by de bewenners. Wethêlder Minkes: Yn it presidium fûn men it wat overdone. Men soe lykwols wol in ynformaasjejûn hélde kinne yn gearwurking mei de providers. Men moat dan noch wol krekt sjen moatte wa't de rezjy hat. Mefrou Veldstra (FNP): Sy hat fierder noch in fraach oer de kwestje Omrin. De fraksje hat antwurden krige op stelde fragen, mar de ynformaasje wie net befredigjend. De ried moat op koarte termyn goed op 'e hichte steld wurde. Wethêlder Van der Meulen: As Smellingerlên beslút om it ôffal op in oar plak ûnder te bringen, dan sil der seker noch in ferfolch op komme en dan sil de ried dêroer foarljochte wurde. Mefrou Jonkman (FNP): De wite streken op de diken: Op de dyk Grou-ldaerd binne de linen net mear dúdlik. Binne der noch mear fan dy diken? Op smelle diken soe men ek belining mei ribbels oanbringe kinne. Wethêlder Van der Meulen: De gemeente sil har hélde oan de lanlike/ provinsjale rjochtlinen. Hy sil skriftlik antwurdzje op de fraach wannear't it foar de neamde dyk op de rol stiet. Pagina 7 1 03 Ferslach 03-10-2006/absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 9