De foarsitter: Het zal op een volgende raadsvergadering aan de orde komen. Nûmer 14 Mefrou Veldstra (FNP): Sy soe graach it jierferslach (Programmaried Fryslân) as ynkommen stik op de aginda hawwe wolle. De foarsitter: Daartoe wordt besloten. 2. YNFORMEARJEND 2.1 Meidielings: a: Mûnlinge meidielings troch portefúljehâlders Wethâlder Van der Meulen: Der is ynstimming ferliend foar in REC yn Harns. Dat is bard mei in mearderheid fan 80% fan de gemeenten. Boarnsterhim moat har beriede op har posysje. It liket der net op dat de betingsten foar de leveringsplicht feroare wurde. Op 22 juny fynt der wer beslútfoarming plak. Hy sil de ried foar de gearkomste fan 12 juny oer de fierdere Ontwikkelingen op 'e hichte stelle. b. Mienskiplike Regelingen Der binne gjin meidielingen. c. Qearkomstestikken fan de BoBoB Mefrou Veldstra (FNP): Der leinen saken by mei in persoanlik karakter en dat hie neffens har sa net moatten. De hear De Boer (PvdA): It is foar persoanen mei wat ôfstân ta de matearje hast net lêsber. Kin der in lêswizer komme sadat it better te begripen is? Wethâlder Van der Meulen: Men soe der in lêswizer fan meitsje kinne. Dat kostet lykwols wol in protte tiid. Men kin de stikken wol Onder fertroulik op besjen lizze. Mefrou Veldstra (FNP): Priveesaken hearre der net yn. It wie foar har wol begryplik. 2.2 Foarstel oangeande de Startnotysje oer de modernisearring fan de WSW (Wet sociale werkvoorziening) De hear Van der Woude (PvdA): Op himsels is de PvdA net wiis mei de modernisearing fan de WSW. Men is lykwols tige optein oer de startnotysje. De PvdA kin har dêr yn fine. De hear Van der Meer (GB): Is ook akkoord met de notitie. Maar als er mensen tussen wal en schip raken, dan moet er vlot actie ondernomen kunnen worden. De hear Zijlstra (CDA): Is bliid dat it goed ferrint. It bedriuwsresultaat fan Empatec is posityf. Men moat der alert op bliuwe omdat it yn oare parten yn Fryslân wolris minder goed ferrint. It is goed dat der in amtner direkt op sit, sadat de ried ek op 'e hichte hâlden wurdt fan nije Ontwikkelingen. Wethâlder Minkes: De wet hat wol sawat deselde struktuer as de WMO. Op it skema steane ek de mominten dat de ried wer yn byld komt. Empatec draait struktureel posityf. Sy dogge tige har bést om de kleau mei gemeenten sa lyts mooglik te meitsjen. Men wol de minsken ta aktiviteiten bringe foar safier it mooglik is. De amtlike wurkgroep hat de skouders der goed Onder set. Pagina 2 1 f-r,hch r.ij 2')Or)2CO//.ib-,h/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 10