De hear Van der Meer (GB): Onderneemt men direct actie als gevallen tussen wal en schip
dreigen te vallen?
Wethâlder Minkes: Beaamt dat.
De foarsitter: In het najaar zal er een kadernota naar de raad komen.
3. MIENINGSFOARMJEND
Foar dit part fan de wurklist binne der gjin punten
4. BESLUTFOARMJEND
4.1 Gelegenheid foar boargers om yn te sprekken oer de wurklistpunten
4.3 oantenmei 4.7
De hear De Jong: Hy sprekt foar PB de Legean yn op punt 4.4. De federaasje fan de Legean is
seker net op boeren tsjin. Men agearret tsjin de wize dêr't de fisy op ta stân kommen is. Men wie
net útnoege om mei te dwaan yn de petearen oer it bûtengebiet. Hy begrypt ek net wêrom't hy
fan de wethâlder mei de LTO prate moast.
Yn de fisy soenen boerebedriuwen wol 3 of 4 kear sa grut wurde kinne. Dat kin dochs net oan
de râne fan de doarpen? Hy fynt it net in echte fisy. Men is der bang foar dat de boeren mei de
pleatsen dy't tige grut wurde kinne mei har grutte ark troch de doarpen komme.
4.2 Foarstel ta it beneamen fan bestjoersleden fan de Stichting Jachthaven Wartena te
Warten
De hear Van der Woude (PvdA): De PvdA kin ynstimme mei it foarstel. It past net binnen de
kaderstellende rol fan de ried en dêrom moat it kolleezje mei de stichting om tafel om de statuten
yn dy rjochting te feroarjen.
De foarsitter: Het college neemt het laatste punt mee. Er wordt conform het voorstel besloten.
4.3 Foarstel oangeande it tapassen fan merkkonfoarme hieren en hiergewenning foar de
Brede Skoallen te Akkrum en Grou
De hear Seldenrust (FNP): Wêrom is der gjin risiko-analyze makke oer de takomstige
partisipanten? Men is der neffens de wethâlder noch net foar 100% út. Men nimt dus in beslút
op basis fan de yntinsjes fan de wethâlder. Wol de wethâlder him ferskûlje achter in nommen
riedsbeslút? Tal fan partisipanten jouwe oan dat men de nije hieren net opbringe kin. De gefolgen
binne net dúdlik. De wethâlder hat gjin dúdlik antwurd op de fragen jûn. As bliken docht dat der
partisipanten ôfheakje is der mar ien ferantwurdlik en dat is de wethâlder. De FNP sil de
wethâlder der dan ek polityk ferantwurdlik foar hâlde. De FNP hat mei 4 partisipanten in petear
hân en foar har wienen de besluten net hantearber.
De hear Hemminga (GB): Wa binne merkkonfoarme partijen? Dizze tariven kinne derfoar soargje
dat guon partisipanten net meidogge. GB wol in amendemint yntsjinje om it foarstel ad 1 oan te
passen mei de taheakking achter 'huren' als uitgangspunt.
De tekst is sa:
"Wijziging tekst voorstel ad 1
Voorstel:
1Stern in met de toepassing van marktconforme huren als uitgangspunt bij het aangaan van
overeenkomsten met commerciële participanten vor de Brede Scholen"
Pagina 3
1 03 f>;rshr.h r-A 2C07/.ib'3v'3