De VVD hat frege om farwetter oan te jaan as farwetter en net as natoer. It kolleezje hat dat tasein, mar dat is yn de fisy net oanpast. Der is ek net in dúdlike omskriuwing fan wat in geef gebiet is. De hear Riemersma (FNP): Der is al hiel wat sein oer de nota. Hy is bliid mei de oanpassing fan de bestimming om Terherne hinne (mei mear klam op de natoer). By de Legean woe er ek mear omtinken foar fyts- en kuierpaden op de kaart. De jachthavens kinne wol yn de bestimmingsplannen fan de doarpen regele wurde. De wethâlder wol de mooglikheid fan kuier- en fytspaden iepenhâlde fia de oanlisfergunnings. As it net linksom kin dan mar rjochtsom. De hear Vellinga (PvdA): De diskusjes hawwe wiidweidich west. It hie dúdliker foar de bûtensteander wêze moatte wat de betsjutting fan de fsiy wie en de PB-en hienen der better by belutsen wurde moatte. Natoer, lânbou en rekreaasje hawwe in protte oerlapings. In sykgebiet jout in haadsykfunksje oan, mar it lit ek noch romte foar oare saken iepen. Mei in lytse feroaring soe men mei it amindement fan de VVD ynstimme kinne. De 1,5 hektare by rjocht nei 1 hektare werombringe nei 1 hektare by rjocht. En dan 1,5 hektare by frijstelling. Men kin fierder ynstimme mei de yntegrale fisy. No kin men fierder gean mei it bestimmingsplan bûtengebiet. Mefrou Meinderts (CDA): De fisy wurdt brûkt as beoardielingskader foar de Ontwikkeling fan de diverse funksjes. De sykgebieten jouwe neffens it CDA tefolle beheinings. Lykas foar rekreative Ontwikkelings yn agrarysk gebieten. Boppe Warten,yn de Legean en by Aldeboarn binne der minder mooglikheden foar lytsskalige bedriuwsrekreaasje. Der moat mear romte wêze foar rekreative Ontwikkelings by dy doarpen. Foar agraryske en rekreative Ontwikkelings moatte oeral gelikense kânsen wêze. Sy lést dêrta in amendemint fan it CDA foar: "De raad van de gemeente Boarnsterhim, in vergadering bijeen op 29 januari 2007, behandelende het voorstel van burgemeester en wethouders tot vaststelling van de Nota Integra le Visie Bestemmingsplan Buitengebied 2007; overwegende: dat als gevolg van de in de nota opgenomen functieontwikkelingskaart voor (agrarische) onder nemers in bepaalde delen van het buitengebied van Boarnsterhim en dan met name rondom de dorpen in de Legean, Warten en Aldeboarn beperkingen zullen ontstaan voor ontwikkelingskan sen op recreatief gebied, BESLUIT: Het voorstel van het college en wethouders als volgt te amenderen door het bestaande concept besluit onder 1aan te vullen met: 1. met dien verstande dat de genoemde ontwikkelingsmogelijkheden anders dan in de Integra le Visie staat vermeld van toepassing zijn op het buitengebied van de hele gemeente, met uitzon dering van 'Natuurgebied'. Kin de ried ek belutsen wurde by de ynformaasjegearkomsten foar PB-en? Wethâlder Minkes: Nei de ynsprekker ta: It gie neffens har oer de fytspaden en kuierpaden en net allinne oer de pleatsen. Yn it streekplan steane mar in pear rekreaasje konsintraasjekearnen lykas Terherne. Men hat it net oer it kampearen by de boer. Grutskalige rekreaasje sil de ried dochs net oeral hawwe wolle? Sy hat yndied in flater makke by it oanjaan fan it bouflak. It is in feitlike konstatearring binnen de fjildynventarisaasje dat agraryske bedriuwen foldwaande hawwe oan in bouflak fan 1 hektare. De hear Van der Sluis (VVD): De LTO hat oanjûn dat men de kant fan 1,5 hektare by rjocht út wol. De bedriuwen yn it bûtengebiet moatte dy mooglikheid hawwe. Oars soenen der problemen komme flakby de doarpen. Pagina 6 1 03 f>,p,l.jch riod 2005 200 7/db oh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 14