De hear Seldenrust (FNP): Yn de fraksje tinkt net elkenien der sa oer. Hy kin seis net mei it
foarstel út de fuotten. De FNP hat foar de ûndernimmers neat op slot sette wollen. Mar der
hawwe saken plakfûn by it Aquaverium yn it ferline dy't no in dúdliker omskriuwing nedich
meitsje. Ek yn it ramt fan de seal yn de brede skoalle en ek oangeande de omskriuwing fan de te
organisearen eveneminten
De hear De Jong (PvdA): Welke duidelijkheid verlangt de heer Seldenrust?
De hear Seldenrust (FNP): Der is al jierren in winsk fan in seal foar 300 minsken yn Grou. It iene
kin in konkurrint wurde foar it oare.
De hear De Jong (PvdA): De zaal in de brede school is bedoeld voor onderwijskundige activiteiten
en voor het Aquaverium zijn andere activiteiten bedoeld voor meer dan 300 bezoekers.
De hear Seldenrust (FNP): Hy sjocht wol deeglik de kâns fan konkurrinsje. En wa kontroleart de
oantallen?
De hear Van der Meer (GB): Het gaat in beide gevallen om commerciële partijen en hij is het met
de FNP eens dat er een gevaar dreigt.
Mefrou Meinderts (CDA): Der binne ôfspraken oer te meitsjen. It Aquaverium foar wetterbûne
aktiviteiten en de brede skoalle foar aktiviteiten fan kultureel aard.
De hear Seldenrust (FNP): Hy is wol bang foar de konkurrinsjeslach op basis fan de ûnderfinings
út it ferline. Hoe sit it krekt mei it tal eveneminten oer de jierren? Dat is net dúdlik. De FNP kin
net mei it foarstel ynstimme.
Wethâlder Minkes: De omskriuwing wie net konfoarm it riedsfoarstel en dêrom is de brief deroan
taheakke mei de opmerking dat de aktiviteiten fan it Aquaverium oanfoljend binne op dy yn Grou.
Der is yn Grou en ek binnen de horeka in grut draachflak foar it foarstel.
De hear Hemminga (GB): Dan hie it binnen it foarstel omskreaun wurde moatten yn de romtelike
Onderbouwing.
Wethâlder Minkes: Dy wurdt noch oanpast en by de ried dellein.
De foarsitter: Brengt het voorstel in stemming. Het voorstel wordt met 14 stemmen voor en 2
stemmen tegen aangenomen. Tegen hebben gestemd de leden Seldenrust en Veldstra.
4.6 Foarstel om in jierferslach fan de learplichtwet 2004-2005/2005-2006 fêst te stellen
De hear De Boer (PvdA): De PvdA is tige bliid mei it foarstel. Der sille mear finansjele middelen
komme foar de 'sluisgroepDat jild wurdt hiel goed brûkt. De gearwurking mei de oare
gemeenten moat in goed plak hawwe. As bern fan skoalle gean moatte mei 18 mei in
startkwalifikaasje dan sil der seker yn de previntive sfear wat oan dien wurde moatte. Hy soe dêr
yn de takomst nochris oer diskusjeare wolle.
Mefrou Veldstra (FNP): It antwurd oer de finânsjes wie net dúdlik. Dêrom is it in B-stik wurden. It
gie neffens de nije ynformaasje om 4 jongeren en om sa'n 12.000,00 De ferwachting is dat de
gemeenten jild krije fan it Ryk. Is de tasizzing der al? Hat men it net oer jongerein ûnder de 18
jier? Ekstra jild soe eventueel by de maaitiidsnota beskikber steld wurde kinne. Dan soe men it
beslút nimme moatte.
Pagina 9
1 1)3 fiT-shch ri-d 29C52007/.ib ;h/9