Wethâlder Van der Meulen: Troch it nije softwarepakket wienen de feroaringen noch net
ferwurke. Men wie as gemeente al mei in hersteloperaasje dwaande doe't de LTO mei de
berjochtjouwing kaam. Hy hopet net dat er takom jier itselde ferhaal hâlde moat.
De hear Bouma (VVD): Wethâlder De Vries soe neffens berjochten in begjin meitsje mei de
oanpak fan de sportfjilden op Meinga. Dat is neffens de VVD noch al prematuer. Grutte projekten
soenen pas trochgean as der dúdlikheid is oer de finânsjes.
Wethâlder Minkes: Op 4 juny praat men mei de SAR oer ûnderhâld/renovaasje fan de
atletykbaan. Men hâldt dêrby rekken mei de nije situaasje. Dat projekt wie al ôfpraat.
De hear Bouma (VVD): in famylje hat in rjochtssaak tsjin de gemeente ferlern mar men
ferwachtet noch wol in stikje kommunikaasje fan de kant fan de gemeente.
Wethâlder Minkes: It is nea oan it kolleezje takommen. De famylje woe in proseduere oangean.
De foarlopige foarsjenning is ôfwiisd. Yn novimber hat de famylje in brief krige oer de stân fan
saken. De frijstelling is ferliend en de provinsje hat in ferklearring fan gjin beswier ôfjûn.
De hear Bouma (VVD): Wat foar finansjele problemen binne der mei it nije kantoar?
Mefrou Schadd-de Boer (portefúljehâlder)Het verhaal zal eerst compleet moeten zijn. Zij denkt
dat het voor de zomer komt, maar dat kan zij niet garanderen.
De hear Bouma (VVD): Men soe bepaalde saken mûniing of skriftlik oan de ried foarlizze kinne.
Mefrou Schadd-de Boer (portefúljehâlder): Zij wil eerst de zaak compleet in beeld hebben.
4.8 Slute
De voorzitter dankt iedereen voor de inbreng en sluit de vergadering om 22.1 5uur.
Sa fêststeld yn de iepenbiere riedsgearkomste fan 26 juny 2007
de de foarsitter,
drs. sel
mr. P. Schadd-de Boer
Op de publike tribune sieten neist parse en amtlike meiwurkers 4 minsken.
Pagina 11