BOARNSTERHIM
gemeente
Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op tiisdei 22 maaie
2007 om 19.30 oere yn de Riedseal fan it gemeentehûs oan de J.W. de Visserwei 10 te Grou
Oanwêzich:
Foarsitter: de hear J. Gerbrandij
Griffier: de hear M. Frensel
De riedsleden:
fan de PvdA: mefrou J. Dekker-Hoogeveen, mefrou P.M. Esser, de hearen T. de Boer, B. de
Jong, J.W. de Visser en H. Vellinga
fan GB2000: de hearen J. Hemminga en S. van der Meer
fan de VVD: de hearen S. Bouma en M. van der Sluis
fan it CDA: mefrou A. Meinderts-Goinga, de hearen J.S. Zijlstra en J. Gerbrandij
fan de FNP: mefrou L. Veldstra-Lantinga, de hearen S.J. Riemersma en A. Seldenrust
De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: de wethâlders mefrou M.E. Minkes en
de hearen A.J. de Vries, D. van der Meulen en R. Vogelzang (gemeentesekretaris a.i.),
Fan de jongereinried: Bram de Groot en Sabina Rietveld
Fierder oanwêzich: F.Buiter (projektlieder brede skoalle) en A. Hams (arsjitekt)
Mei kundskip ôfwêzich: boargemaster mefrou P. Schadd-de Boer en de hear R. van der Woude
(PvdA)
1. ALGEM/EN
1.1 lepenje
De foarsitter hyt elkenien wolkom.
1.2 Fêststellen fan de wurklist
De wurklist wurdt ûnferoare fêststeld.
2. YNFORMEARJEND
2.1 Gelegenheid foar de ried om syn opfetting kenber te meitsjen oer de festiging fan in
Reststoffen Energie Centrale (REC) yn Harns
Mefrou Veldstra (FNP): De portefúljehâlder kin de gefoelens fan de ried útdrage nei de
oandielhâldersgearkomste. Omrin moat no seis in oplossing sykje foar it stoarten fan ôffal. De
gemeenten binne oandielhâlder fan Omrin. Omrin belûkt de sâltwinning fan Frisia by de te sykjen
opsjes. Dy sâltwinning stiet lykwols troch de neidielige gefolgen ûnder druk. De gemeenten
tsjinje it publike belang. Soe men belanghawwende partij wurde troch de gearwurking mei Frisia
dan komt men as gemeente yn in spagaat. Dat makket it foar de gemeente dan ek tige lestich.
De gemeenten sille har as oandielhâlder fan Omrin útsprekke moatte oer in helberheidsûndersyk
fan it ferbaarnen fan ôffal yn Fryslân.
Sy nimt oan dat it stânpunt fan it kolleezje ek it stânpunt fan de portefúljehâlder is. Puntl jout
noch tefolle romte. Kin men der as gemeente noch fan wat fan fine? It wurd 'vooralsnog' soe
derút moatte.
De leveringsplicht. Der wurdt útgien fan in stilswijende leveringsplicht foar de gemeenten. Dat is
essinsjeel foar it rendemint. As der in pear grutte gemeenten ôfheakje dan is der in grut
1 03 n-.l 22Ct?C07/ibsb,1