probleem. Smellingerlân is der al útstapt en der is noch gjin wissichheid oer de rjochtssaak hjiroer. Punt 4. De keppeling REC en Frisia wol de FNP net. De FNP fynt dat men mei punt 5 (in beslút nei in 'grondige verkenning') noch alle kanten út kin. Sy wol der noch ien punt oan taheakje: Wachtsje earst de resultaten fan de MER-stúdzje ôf en bring dat yn op de gearkomste fan oandielhâlders. De hear Hemminga (GB): GB kin har yn grutte linen fine yn it stânpunt fan it kolleezje. Men moat earne plak hawwe foar sa'n ynstallaasje. Der binne lykwols tefolle ûnwissichheden. Dat jildt ek foar de keppeling mei Frisia. Men moat ek ôfwachtsje wat de resultaten fan de ûnderhannelings binne. De besteande ynstallaasjes foar ôffal hawwe miskien noch kapasiteit oer. GB wol net op foarhân yn see gean mei de bou fan de REC yn Harns. De hear Bouma (VVD): Ek oare gemeenten tangelje dermei om. De gemeente Ljouwert is akkoart, mar de VVD is sa fier noch net. Omrin wol gjin konkurrinsje en dêrom moat men earst sjen nei in oare strategyske partner. Technysk liket de ynstallaasje goed yn inoar te stekken. Der is in risiko by Frisia troch û.o. de grûndelgong. Kin men der krekt as Smellingerlân ek útstappe? Dat soart saken soe men nochris besjen moatte. Hoe stekt it juridysk krekt yn inoar? Op dit stuit is de VVD net foar meiwurkjen oan de bou fan de REC. De hear Zijlstra (CDA): Wat is in 'grondige verkenning'? It CDA kin wol mei it stânpunt fan it kolleezje meigean. Is it wol reëel om te sizzen dat men elk momint útstappe kin? Mefrou Dekker (PvdA): De PvdA-fraksje kin yn grutte halen it stânpunt fan it kolleezje ûnderskriuwe. Harns is ek net sa'n geskikte lokaasje omdat it frij fier fan Aldehaske óf leit. It Hearrenfean soe miskien wol in oven hawwe wolle. De taryfstelling is nei it ta stân kommen fan de REC leger mar dêr binne neffens it kolleezje kanttekenings by te pleatsen. Hoe sit dat? Fierder kin sy ynstimme mei de mooglikheid fan ûndersyk fan gearwurking mei oare partners. Wethâlder Van der Meulen: Men hie earst de yndruk fan de provinsje dat de behanneling noch wol in skoftke duorje soe. Dat wie dochs net sa en dêrom is der no gelegenheid foar diskusje. Oan de sâltwinning sitte goede en minder goede dingen kanten. Hoe tinkt men oer de merk foar óffal? Men praat oer in perioade fan 10/15 jier. Hoefolle óffal hat men dan? Men moat fan de oerheid yn de takomst it óffal oars oanbiede. It oanbod fan óffal soe dan wol leger wêze kinne. Miskien fynt der op termyn in klustering fan óffalbedriuwen plak. Soe men dan as Omrin wol in gaadlike partij wêze? In oan de oerheid liearde partner soe neffens him wichtich wêze. Soe men dêr gjin oansluting by fine kinne? Dat kin men ek posityf wêze oer de Ontwikkeling fan it taryf. Faaks kin de ynstallaasje yn Aldehaske ek wat effisjinter wurkje. Mefrou Dekker (PvdA): Is de iennige oerweging fan it kolleezje it punt fan de finânsjes, dus de tariven? Wethâlder Van der Meulen: Dêr moat men seker goed nei sjen. It is ek wichtich dat men goed sicht hat op de óffalstreamen. As der in negative MER komt dan hat men wer in oare situaasje. Op dit momint is der ûnfoldwaande kapasiteit om te ferbaarnen. Mooglik is dat op termyn wol op oarder. De leveringsplicht: de léste foarstellen jouwe wol mooglikheden om der út te stappen, mar dat hat wol grutte finansjele konsekwinsjes. Men moat in balâns sykje tusken leveringsplicht en útstappen. Men sjocht op dit momint skerp nei de tariven fan Omrin. In goede bedriuwsfiering stiet no by Omrin hiel heech op de aginda. De foarwearden om út te stappen binne neffens it kolleezje te foars. Pagina 2 1 03 ri-jd 35032007/,,bsh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 4