forhege ütkearings alhiel toneate gongen binne yn lean- en prijsstigings
de hiele bigreating lans. Flak, nei de forkiezings bin'k ek net sterke
yn'e hoop, dat it finansjeel forsjenningspeil fan de lytsere gemeenten
cmheech gean sil en we witte it wol; gelyk bliuwe bisjut efterütgong. De
forskillen tusken lyts en great wurde earder greater as lytser. Bliuwt
ek dit kear wer oer, menear de foarsitter, dat de ütfiering fan wurken
hwerfan de dekking bigreate is, ofhinkelik steld wurde moat fan de finan-
sieringsmiddels en hwat project kriget de foarste prioriteit. De utsich-
ten dat oangeande binne ek net hoopfol. Dochs koene we dizzer dagen üt de
passe fornimme, dat de "Fryske Gemeenten" de biskikking krije oer krapoan
7 miljoen goune. Ik soe sizze wolle: "Zorg, dat je erbij kcmt".
De forskillen yn de ütkearings by it basisünderwiis binne wierskyn-
lik hwer hwat lytser wurden, al is binammen troch it forstrekken fan mear fakun-
yn de great-stedsegemeenten noch wol sprake fan to greate forskillen. Mei derwiis
it kleuterür.derwiis is it oars steld, hjir bliuwe de ütkearings dochs wol
sterk efter by de werklikheit. In stipe yn de goeye rjochting moat as de
kans der is oangrypt wurde. Milieu-bihearIs it kolleezje ek op 'e hich-
te fan plannen yn de neiste takomst oangeande in wetter-süveringsynstal-
laesje yn dizze kontrijen? De earste heffingen wurde aenst yn 1972 oplein
en de provinsje sil him der fjirder mei redde, mar dochs is it fan bilang,
dat sjoen de "urgensje" binnen net al to lange tiid plannen realiseare
wurde
Oangeande de wenningbou miende ik op in gearkomste bilüstere to haw-
wen, menear de foarsitter, dat de oannimmers yn't algemien jimmeroan in
heger oantal wenten freegje op ien plak om mei redelike ütkomsten bouwe
to kinnen. It soe spitich weze as we dertroch yn 'e knoei komme mei it
forpartsjen fan üs kontingint wenten nest Grou fan de doarpen Roadhuzum,
Wergea en Warten. It bliuwt fan bilang dat dizze plakken ek de ütbreiding
takomt om har eigen forsjenningspeil handhave to kinne; forieningslibben
skoalle, ensfh.
Komme se under dat niisneamde oantal dan geane de boukosten omheech en
dermei/êk de hieren. Dit dus nest in plak as Grou dat dat bipaelde oantal/ letter
wol opnimme kin.
Ta bislütmenear de foarsitter, it punt dat no al inkele jierren yn
Wergae spilet, binammen foar de Wettersportforien?ng de brêge oer de
Meanewei. In saek dy 't yn oanfang gau syn bislach krije sillen hie, mar
no in sadanich lange wei fan ünderhannelingen oflein hat, dat it geduld
op rekket. Om 't ek de ünderhannelingen mei de eigners, taxatierapporten
ensfh. in protte tiid yn bislach namen.
Mei dat fan ist de earste as de twa'dde ofdieling mei klem oandron-
gen is, dat hjier ris in ein can komme moatforwachtsje ik, dat hwer 't
yn de memorie van antwurd stiet us en oar met de grootste spoed te be
trachten" cp it praten no de dieden folgje silie7 Dat wie it.
De heer Sipke de Boer:
Menear de foarsitter,
Yn't foarste plak scoe ik graech in kompliment meitsje wolle oenhe
nije fraksjefoarsitter fan gemientebilangen foar syn algemiene biskogings.
It spyt my, dat ik bigjinne moat mei in wurd fan krityk. Sa't wy dit
jier de bigreating bihannele ha, dat is g.iin wurk. Nou wit ik wol, dat de
typkeamer yn Alfen jim hwat sitte litten hat, mar it wie oare jierren soms ek
op "haren en snaren". Ik woe dêrom foarstelle, it oare jier yn novimber de
bigreating to bihanneljen. Dan kin it üs ek noch in moanne offalie. Oars
ha ik net folie krityk. Krekt lyk as yn de skoalle ha 3. en Whar opsteld
as in brave jonge, dy't mei in moai slutend rapport thüskomt. As tominsten
de boppemaster yn Den Haech gedrach en flyt bileanje wol mei de 7 fan
70.000 goune. Dan krije wy hopelik de helte fan de oardel ton, der 't^wy
forline jier noch op rekkenen binnen üs gemeentegrinzen. Ik woe freegje,
menear de foarsitter, kinne B. en W. der ek hwat oun dwaen, dat wy sa gau
mooglik witte oft der fan dy ekstra ütkearing al of net hwat komt? Ik woe sa
graech, lyk as de F.N.P. wer baes yn eigen hüs wêze.
Mear as ien kear, menear d<= foarsitter ha ik tocht: It is to gek om
los to rinnen om mei safolle reële winsken, dy 't wy noch ha, in slutende
bigreating foar to lizzen'. Mar as ik sjoch, hwat der de leste jierren re
kaem is, oan saken dêr't wy in jier earder soms noch net oan tinke doarsten,
moat ik tajaen, dat it üs oant nou ta gjin skea dien hat.