De man soe it leafst in ienfaldich simmerhüske derre hawwe wolle, mar neffens
üs foarsitter, wie dit net mogeiik, omdat it bistimmingsplan dit net tastie.
Wol waerd him tasein, dat 3. en W. meiwurkje woene om tastimming to krijen
dat derre in wenarke lizze mocht, op foarwaerde, dat dizze dan goed kamoe-
flearre waerd en dat de opstallen dan öfbrutsen waerden.
Omdat prof. Hoeksema sein wie, dat it lans wettelike wei net mogeiik wie
om derre in simmerhüs to krijen, naem de man dit oanbod oan. De forgunning
hjirfoar kaem yn de koartst mogelike tiid öf, mar it bliek, dat oan dy for
gunning mear foarwaerden forboun wiene en ik kin my folslein yntinke, dat de
man net op dy foarwaerden yngean koe, hwant vn wezen waerd him alhiel gjin
wissens joun op dat rêstige plakje biiuwe to kinnen mei dy wenarke en by for-
stjerren soe syn femylje alle rjuchten op dit sté forlieze.
Yn lettere byienkomsten, dy't prof. Hoeksema mei B. en W. hie, waerd him
kear op kear meidielt, dat hy wettelik gjin rjucht jilde litte koe om ien fan
de opstallen ta simmer forbliuw to forbouwen. Yn it brief fan 15 novimber 1971
nu. 2707 en letter yn it skriuwen fan 19 jannewaris 1972 nu. 178 stiet ek dat
de bou as forbou yn striid is mei it bistimmingsplan. Troch de foarljochting
op it Gemeentehuis, miende de man gjin inkeld wettelik rjucht to hawwen om ta
syn doel to kommen, oan't hy yn 1973 yn'e kunde kaem mei in man, dy't troch
syn birop lange jierren mei dit soarte fan saeken to meitsjen hawn hie.
Prof. Hoeksema is troch de ynljochtings dy't hy dernei fan syn adviseurs
krige, de miening tadien, dat hy troch B. en V?. forkeard foarljochte is.
De riedjowers stelle derby, dat as prof. Hoeksema daliks, as alteast foar
1972 in bouoanfraech yntsjinne hie, dat him dan op groun fan art. 19, lid 1
fan it bistimmingsplan 1966, in forgunning forlient wurde moatten hie, foar
safier net it tariedingsbislüt dit noch foar in skoftsje opkeare koe.
Yn de Riedsgearkomste fan 19 septimber 1972, hat de Rie opnij in bistim
mingsplan foar it bütegebiet fêststelt. Ek vn dit bistimmingsplan siet de mo
ge likens foar prof. Hoeksema om ta bou as forbou oergean to meijen, as G.S.
net harren goedkarring oan lid 2 fan art. 9 ünthalden hiene.
Deputearde Steaten hiene yn bigjinsel gjin biswier tsjin herbouw-mogelik-
heden, mar tsjin de wize hwerop dit yn it artikel redigeart is.
Underoan op side 2 fan dit riedsstik, wurdt it rapport fan de kommisje
fan administratief birop oanhelle. Dizze kommisje is fan bitinken, dat de op
stallen op'e "Burdskop" fan Sldsher bidriuwsgebouwen binne en dat dizze net
foar rekreaesje doeleinden brükt wurde meije. Neffens my gean de leden fan
dizze kommisje alhiel foarby oan de ynhaidt fan art. 9/fan de oergongs-bipa-/ lid
ling fan it kommende bistimmingsplan, dat hja seis op 19 septimber 1972 mei
fêststelt hawwe. En dat de wettelike goedkarring fan G.S. krigen hat. Dit ar
tikel lid 1 seit: Het op het tijdstip van de tervisie-legging van het ont-
werp-bestemmingsplan, bestaande - en in enigerlei opzicht van het plan afwij
kende - gebruik van gronden en bouwwerken mag worden voortgezet". Ik sjoch
derom yn dizzen dat B. en W. it nou goed stelt hawwe en dat hja alhiel to-
rjucht oan prof. Hoeksema in oanslach fan wenforensenbilesting oplein hawwe.
M.i. kin de Rie, dy't seis dy cergongsbipaling op 19 septimber 1972 fêst
stelt hat, net efter de üspraek fan de kommisje stean, mar moat hy mei B. en
W. meigean, dv't yn it brief fan 12 novimber 1973 oan prof. Hoeksema meidiele,
dat der gjin groun is om de oanfrege bouforgunning to wegerjen, mar dat dizze
forgunning, hiel torjucht, troch it bipaelde vn art. 50 fan de wenningwetoan-
halden wurde moat.
Ik bin my biwust foarsitter, dat dizze koarte ütiensetting, lang net fol-
ledich is en yn jo eagen miskien ek noch tige gebrekkich is. Ik mien lykwols
üt de gong fan saeken, sa't dy him al sünd bigjin 1969 öfspile hat, opmeitsje
to meijen, dat B. en W. al it mogelike dien, hawwe, om to foarkommen, dat der
in simmerwente op'e "Burdskop" komt. Ik kin my wier net bigripe werom B. en W.
it fuortbistean fan dy hokketroep preferearje boppe in yn alle opsichten by
it lanskip oanpaste simmerwenning.
Der moat wol in bisündere reden wêze, dy't my ek net bikend is, om prof.
Hoeksema net ter wille to wêzen. Ik soe dizze reden graech hearre wolle.