oerliz erast in yntern oerliz komme moast tuskan de sawn riedsleden dy't oant nou ta it sittende kolleezje foarme hiene. Dit op basis fan it bi- trouwen en de gearwurking dy't der oant nou ta west hie. Wy hiene ek noch net forjitten op hokker wize dit kolleezje ta stan kommen wie. Wij seagen dit as in morele plicht tsjinoer al dy "partners" en wiene fan bitinken, dat wij as sawn, de saken ris op in rychje sette moastten nei dizze twa jounen fan program-oerliz, om sadwaende ta in ienriedich stanpunt to kom men oer it ien en oar. Har ta üs greate fornüvering wie alline ID'78 dêr mar ré ta. De F.N.P. fraksje forklearre it ünnut to finen om't de gear wurking sa't de fortsjintwurdiger sei nea goed west hie. Hy koe en moast better witte, mar och, nije biezems feije skjin tinkt men dan. Ek fan de V.V.D. fraksje die blieken, dat hja net ré wienen om to praten. Hwant, sa seinen hja, wy sjogge der gjin heil yn. Mar hwerom, koenen en woenen hja net sizze. Men wist dochs hielendal net, hwat der üt dit oerliz komme soe. Foar it programoerliz hiene dizze twa fraksjes wol forklearre dat hja hjir- ta ré wiene. Dus bigrypten wy der neat mear fan. Hwat koe hjir achter sitte? Hier der al oerliz west mei de P.v.d.A. of gong it allinne mar om it eigen partybilang dat seker steld wurde moast. 'ly hawwe hjir noch nea hwat oer heard, hwant de V.V.D. fraksje is it praten forleard yn de ófroune moannen. Nei dizze bigreatlike ünderfining hat ID'78 noch probearre in oerliz op gong to bringen tusken P.v.d.A., C.D.A. en ID'78. Dizze partijen nommen dat dy jouns mei nei hüs. De forskillende kandidaten waerden nei foaren brocht en doe waerd it oerliz fordage nei 24 augustus. Dan soe de defini tieve beslissing falie. Troch allerhanne misbigripen koene wy net yn dizze seal torjochte, mar kamen wy by Hotel Siderius tolénne. Dit forbliuw hat foar üs net lang duorre, hwant ID'78 en C.D.A. moch ten nog efkes sizze hwerom't hja in kolleezje fan P.v.d.A. en C.D.A. it béste founen. Arguminten dy't, nei't blyken die, by de P.v.d.A. net oan- sprutsen, hwant hja hiene de bislissing al nommen, ear't de gearkomste bi- goun wie. De V.V.D. fraksje fierde hjir ek wer gjin argumentaesje foar of tsjinoan, kenlik mei it doel, hwat stiller, hwat better. Wy krigen hjir- troch it gefoel dat wy dizze joun foar joker nei Grou ta kommen wiene. Foarsitter, wy bigrypten hjir neat mear fan. Wy krije it byld, dat de P.v.d.A. en de V.V.D. earder alris mei elkoar ünder de tekkens lein hawwe en sa giet it dan. Om de byldspraek fourt to setten, yn konservatieve kringen moat der fan need in houlik pleats fine. Wy kinne üs net oan de yndruk üntlüke, dat er wolris mear achter sitte kin. Miskien hearre wy dit joun noch wol en oars komt it wol üt yn de kommende jierren. It hiele pro gramoerliz en hwat dêrmei gearhinget hat tofolle de yndruk wekt: "Lief zijn voormekaar" en net tofolle jin bleat jaen hoe't jo as party oer de saken tinke. Wy binne fan bitinken dat, as jo programoerliz hawwe, jo sa düdlik mooglik wêze moatte en mekoar de dingen ek earlik sizze moatte. En dat jo dan sykje moatte nei hwat jo bynt en fanüt dizze yntinsje, sa goed mooglik gearwurkje yn it bilang fan de vnwenners fan dizze gemeente. Wy bigrioe net goed hoe't partijen dy't mekoarren op libben en dea bi- ljochtsje, nou gearwurkje, Miskien kinnen hja der beide düdlik in forklearring oer jaen. De V.V.D. fraksje is wol ta ienige ütliz forplichte, tinkt üs. Ik kom der mar efkes op werom, dat fjouwer jier forlien de V.V.D.frakje üt de groepearring Gemeentebilangen stapt is mei it argumint, dat gjin V.V.D. kiezer yn dizze gemeente it bigripe soe dat harren party op it ge- meentlik mêd gearwurkje mei de supporters fan den Uyl (C.D.A.). De fraksje- foarsitter wist doe inkelde minsken fan it C.D.A. üt to meitsjen as for- rieders, om't hja gearwurken mei de reade jonges.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1978 | | pagina 9