- 17 - De foarsitter begrypt dat de fryske nammen fan de doarpen trochstjoerd wurde moatte as in harsensspieling foar de amtners fan de Topografyske Tsjinst. Sprekker kin him foarstelle dat de T.T. dit in wat healslachtige metoade fynt. It kolleezje fielt hjier in bytsje foar. It hat gjin prinsi- piele beswieren tsjin fryske nammen, is der seis in foarstanner fan. Mar men moat net te hurd ütein sette. Derfandinne dit ütstel. It kolleezje sjocht neat yn it trochstjoeren fan dizze nammen. Der moat ek gjin betizing üntstean. De hear Do Wolf mient dat men oannimme mei, dat de T.T. net sa mar foarby gean sil oen in fersyk fan de ried om bepaalde nammen op dy kaart te brüken. By de list fan wetters en geaën sil men in kar meitsje. Hen kin net alles der op sette. By de doarpen leit it wat oars. De foarkar fan de ried is frysk. As men it no net freget dan duorret it noch wol 10 of 12 jier. De foarsitter mient dat as de provinsiale kommisje mei it advys komt om fryske plaknammen yn te fieren, it tiidrek fan 10 of 12 jier wol net oanhalden wurde sil. Wethalder Terpstra wiist op in pear flaters yn side 3, rigele 13, dêr't stiet "troch mooglik gemeenten tagelyk", itjinge wêze moat: "sa folie mooglik Fryske gemeenten tagelyk", en under 2 op ien nei leste rigele yn pleats fan: "of te sjen" te «kriuwen "no of te sjen". Sprekker seit dat it wat te optimistysk is te tinken dat alle fryske gemeenten itselde dwaan sille as dizze gemeente wol. Mar hoe raear gemeenten hoe sterker men stiet. Mar der stiet no noch gjin beslüt efter. Sprekker is wol fan doel om oare gemeenten benei te kommen om itselde beslut te niramen. Dat is it temjittekommen fan sprekker oan it brief, dy't hy mei underskrean hat nei de ried ta. De hear Van der Goot fynt de suggestje fan de wethalder om oare gemeenten oan te trünjen it selde te dwaan tige aardich, mar de tiid is wol wat koart. It is gau 1 febrewaris. No ferwachtet men dat de T.T. it wol net dwaan sil. Mar it kin wol besocht wurde Sprekker mient no't de list fan wetters, geaën en pleatsen fêst- steld is, de ried no in historyske jün belibbet. De foarsitter bringt hjirmei it utstel fan de hear Van der Goot om de fryske nammen fan de doarpen troch te stjoeren en dat foldwaande stipe wurdt yn stimming. It wurdt mei 8-5 stimmen (dy fan de hearen Terpstra, Van Gorkurn, Van der Goot, Van der Wagen en De Wolf foar) ferworpen. It foarstel nummer 2 fan it kolleezje wurdt hjiermei sunder haadlike stimming oannommen. Niets meer aan de orde zijnde sluit de voorzitter de ver gadering. Aldus vastgesteld in de openbare ver gadering van de raad van 17 februari 1981. 'y secretaris. voorzitter. r. C,< U ÏH* (li; T*. pïev.1

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1981 | | pagina 39