'T KLEINE KRANTSJE Wat is en docht de Fryske Akademy? Resinte publikaasjes fan de Fryske Akademy In aksje foar mear stipers en foar Aid Ark YNFOLBON OP SIDE 12 YNFOLBON OP SIDE 12 YNFOLBON OP SIDE 12 YNFOLBON OP SIDE 12 VOOR LEEUWARDEN EN DE WIJDE WERELD ER OMHEEN pagina 11 Algemien De Fryske Akademy yn Ljouwert is, sa seit it karbrief yn kêst 2, in wurkmienskip dy't har utleit op it beoefenjen fan de wittenskip dy't mei Fryslan, it Fryske folk en syn kul- tuer yn al syn uteringen en yn de wiidste om- fieming te krijen hat. Dat wittenskiplik ynstitüt (oprjochte yn 1938) rjochtet him by de ynfolling fan de doelstelling benammen op it dwaan fan ün- dersyk op it mêd fan taalkunde, skiednis en sosjale wittenskippen. It wurdt ynstanhal- den troch de Koninklijke Nederlandse Aka- dernie van Wetenschappen yn Amsterdam en de provinsje Fryslan; dêrneist drage sa'n 3.000 stipers fan de Fryske Akademy ek by yn de eksploitaasje. It wurk De ütfiering fan de taken op de ünderskate ündersyksmêden bart op in unike wize: troch it oparbeidzjen fan beropskrêften (de Fryske Akademy hat sa'n 60 minsken yn tsjinst, ferdield oer fakgroepen en stipefer- lienende öfdielingen) en frije-tiid- ündersikers (sneupers, dêr't wol in lytse 800 fan yn rünten fan de Fryske Akademy mei- dogge) üntstiet in wurkmienskip, dy't neist de al neamde tema's ündersyk docht op it mêd fan b.g. argeology, bestjoerskunde, bi ology, egodokuminten, genealogy, heral- dyk, keunstskiednis, lanbou, literêre skied nis, muzyk, Fryske nammen, Fryske oar- konden, pedagogy, skiednis (algemien en pleatslik), Fryske taalkunde, taalsosjology en wettersteatsskiednis. De sneupers binne om dy tema's hinne organisearre yn sa- neamde wurkgroepen en wurkferbannen. Eltse stiper fan de Fryske Akademy, dy't ni- get hat oan ien fan de hjirfoar neamde On derwerpen, kin him/har der by oanslute. It ündersykswurk en it wurk dat yn de wurkgroepen en wurkferbannen üt 'e wei set wurdt, kin b.g. liede ta in nijsgjirrige lêzing, in artikel, of somtiden ta in publikaasje op it mêd fan skiednis of taal. It mei dit nümer fan 't Kleine Krantsje pre- sentearre Woardeboek fan ut Leewarders mei ek mei rjocht en reden in produkt neamd wurde fan de hjirfoar bedoelde uni ke gearwurking: frijwilligers en beropskrêf ten hawwe dit wurdboek yn 'e mande ta stan brocht. De stiper Om op 'e hichte te bliuwen fan al de aktivi- teiten fan de Fryske Akademy kinne Jo sti per fan de Fryske Akademy wurde; dat kostet 27,50 güne jiers (1991). Dat haldt yn: dat Jo 4 kear jiers it ynformaasjeblêd "Ut de smidte" tastjoerd krije; mei dê- ryn ünder mear nijs oer it wurk yn 'e or- ganisaasje en yn 'e wurkferbannen en oer nije publikaasjes; dat Jo 4 kear jiers it wittenskiplik tyd- skrift "It Beaken" tastjoerd krije; dêr steane nijsgjirrige artikels yn oer Fryske Onderwerpen en oer it Akademywurk; dat Jo it rjocht hawwe om seis aktyf mei te dwaan yn de frijwilligersrünten fan de Fryske Akademy; dat Jo de publikaasjes fan de Fryske Akademy mei koarting keapje kinne; yn Os eigen boekwinkel kinne se allegearre ynsjoen wurde; dat Jo mei Jo stipe ek finansjeel bydrage oan it wurk fan de Fryske Akademy en it sa mooglik meitsje dat Os ündersyk fier der ütwreide wurde kin. Bergsma, W. e.o. (red.), For uwz tan, wyv en bern. De patriottentijd in Friesland. Boer, T.W. de en R.H. de Bruyne, Schelpen van de Friese Waddeneilanden. Breuker, Ph.H., It wurk fan Gysbert Japix. I Tekst yn facsimile. II Oerlevering en üntstean. Breuker, Ph.H. e.o. (red.), Hündert fersen. In blomlêzing üt 'e Fryske poëzy. Breuker, Ph.H. e.o. (red.), De Vrije Fries 1991. Frieswijk, J.A., Om een beter teven. Strijd en organisatie van de land-, veen- en zuivel- arbeiders in het Noorden van Nederland (1850-1914). Frysk wurdboek. Frysk-Nederlansk, Nederlansk-Frysk. Genealogysk jierboek. Edysjes 1951 o/m/ 1991. Jaarsma, A.A., Ut it gea fan sterke Hearke. Mulder, A. Aid ark. Rijn, J.G. van en C. Sieben, Regionalisme en oerheidsbelied. Tamminga, D.A., Gysbert Japicxgedichten. Tjeerdsma, R.S. en J.A. Sikma, Mercator Guide to Organisations. Wurdboek fan de Fryske taal/Woordenboek der Friese Taal, dielen 1 o/m 8: a o/m hipje. Op 'e hoeke Doelestrjitte-Grienewei stiet it Coulonhüs, de sit fan de Fryske Akademy, Doelestrjitte 8, 8911 DX Ljouwert Telefoon 058 -131414 Telefaks 058 -131409 Fanwegen de aksje om it Woar deboek fan ut Leewarders hinne, stelt de Fryske Akademy keapers fan dat wurdboek by steat om ris twa nümers fan "Ut de smidte" op proef te nimmen; nei dy twa nümers (febrewaris 1992 en maaie 1992) kinne Jo beslute oft Jo al as net stiper fan de Fryske Akademy wurde wolle. Op de ynfolbon kin Jo Jo kar oanjaan. Allinnich yn kombinaasje mei bestellings op it Woardeboek fan ut Leewarders fia de ynfolbon kinne Jo de 'bestseller' fan Sin terklaas fan ferline jier, it prach tige boek oer lanbou-ark fan Al- bert Mulder - Aid ark - dizze kear yn stee fan de gebrüklike 50 güne noch ien kear foar de priis fan 35 güne oanskaffe, salang der foarrie is.

Historisch Centrum Leeuwarden

’t Kleine Krantsje, 1964-1997 | 1991 | | pagina 11