Punt 13.
De boargemaster:
Wa mei ik it wurd jaan oer punt 13 It antwurd komt uteraard fan wethâlder
Van Rijn.
De hearen Roorda, Visser, Faber en Boersma.
De hear Roorda jou ik by dizzen it wurd.
De hear Roorda:
Foarsitter
It kolleezje jout hjir in foarlopich standpunt oer inkelde saken oangeande
it Wolwêzenswurk, en ik tink dat: wy dit wol sjen meie as in diskusjestik
Dêr wolle wy dan ek graach us bijdrage oan leverje.
Allerearst de gearstalling fan de beliedskommisjeWat dat oanbelanget is
it foar us it wichtichst, dat de ûnderskate befolkingsgroepen dêr sa folle
mooglik yn fertsjinwurdige binne.
As oan dy foarwaarde foldien is, kin eventueel stribbe wurde nei ferienfâldiging
Wy soene der wol op oan stean wolle, dat dizze saken op sa koart mooglike
termyn har beslach krije.
Dan de Stifting Sosiaal-kultureel Wurk.
Yn it stik stiet dat dizze Stifting in sintraal plak ynnimt op it mêd fan
sosiaal kultureel wurk yn us gemeente.
Ik wol graach de Stifting 8-88 yn har wearde litte. Mar as hjir sein wurd dat
hja in sintraal plak ynnimt, dan wurdt hja neffens my oerwurdearre
As ik betink hoefolle organisaasjes har dwaande hâlde mei sosiaal-kultureel
wurk bûten de Stifting om en as ik betink hoefolle deelname dêr oan is, dan
kinne jo neffens my moeilyk folhâlde dat de Stifting 8-88 in sintraal plak
ynnimt. Ik tink dat hjir de winsk de heit fan de tinze is.
Ik bin der lykwols net rouwich om dat sa'n soad organisaasje har sels wol
rêde kinne. Wy binne hiel wiis mei partikulier ynisiatyf en frijwilligerswurk
It sosiaal-kultureel plan seit yn syn utgongspunten dat aktiviteiten b.asearre
wêze moatte op it ferlet fan de befolking.
As dat ferlet der yndied is ûntsteane aktiviteiten fakentiids spontaan
Dat is neffens my de bêste basis foar in sûne en geve organisaasje.
As it stik dan seit dat de Stifting 8-88 mei syn folledich subsidiearre stêf-
krêften in wichtige, aktivearjende en stypjende funksje folje kin, dan is dat
op himsels wol wier mar it giet my fiersten to fier as der sein wurdt dat it
subsydzje belied der op rjochte wêze moat dat dizze aktivearjende en stypjende
funksje yndied stâl kriget.
It is ommers sa dat de measte besteande organisaasjes har eigen provinsiaal
of lânnelik orgaan ha dêr't se wol advys en stipe krije kinne.