- 2 -
Soene jo no yn it belied befoarderje wolle dat "8-88" dizze funksje ferfoljen
giet, dan meitsje jo in oerlapping en dat wolle wy no krekt net, dat stiet
ek yn us utgongspunt.
Nochris, ik wol it nut en de funksje fan de Stifting "8-88" net lyts achtsje,
mar jo moatte der wol by oppasse dat jo de Stifting taken opdringe dir't
gjin ferlet fan is.
Gearfetsjend, sûne en geve organisaasjes sa't wy dy yn us gemeente ha betsjutte
in stik folkskrêft dêr't wy tige wiis mei wêze moatte.
En sa lang as dy har sels rêde kinne moatte wy se net via in ûndersteunings-
belied ûnder de paraplu fan "8-88" bringe.
De Stifting "8-88" sil eigen wegen sykje moatte en braaklizzende terreinen
bearbeidzje moatte.
Ik moat earlikheidshalve sizze dan ik it gefoel wolris ha, dat "8-88" dochs
by in grut part fan de befolking net sa bot oanslacht. Ik sis dat ik dat
spitich fyn. Ik wit net hoe't oaren der oer tinke, of dy dat gefoel ek ha,
mar as dat sa is, dan soe der meskien ris neigien moatte wat dêr de
oarsaken fan binne.
Wy hawwe de Stifting mei syn beropskrêften en it soe spitich wêze as dy
gjin sinfol en nuttich wurk fersetten.
It C.D.A. hat in har algemien skôgingen wiisd op it belang fan in wurkleazen-
projekt. Hjirfan soe it ferlet en de mooglikheden serieus en op in sa koart
mooglike termyn ûndersocht wurde moatte.
Fierder wolle wy graach ûnderskriuwe wat yn it stik stiet oer de Werkenberheid
fan de Stifting nei de ûnderskate befolkingsgroepen ta.
Benammen dat it der op oankomt hoe't de feitelike opstelling fan it bestjoer
en de stêf is.
□an noch in pear dingen oer aktiviteiten op basis fan libbensskôging.
Ik soe opmerke wolle dat sosiaal-kultureel wurk en immen's libbensopfetting
fakentiids in soad meielkoar te meitsjen hawwe.
De werkenberheid fan de libbenspertsjûging is fakentiids in foarwaarde foar
it him thusfielen yn in bepaalde organisaasje as feriening.
Organisaasjes op basis fan libbensskôging binne dêrom gewoan in stik ferlet
fanut de befolking.Ik fyn dat dat erkend en respektearre wurde moat.
Jo kinne it betreure dat der op bepaalde terreinen een kleau is tusken de
ûnderskate befolkingsgroepen, mar dy is der. It is dan tink ik een goede
saak om oer sa'n kleau brêgen te bouwen, mar de kleau tichtsmite slagget
net sa gauJo sille de besteande realiteit ûnderkenne moatte en ek de
organisaasjes op basis fan libbensskôging yn har wearde litte moatte en har
rjochten erkenne, like goed as aile oare. Net mear en net minder.
Tanke wol foarsitter.