- 3 -
De hear Visser:
Foarsitter,
It wie sa, dat in oar dit dwaan soe en dat ik troch sykte dit dwaan moet
Wat ik sis is dêrom yn de sitewaasje weryn ik my befyn eigenlik myn
persoanlik idé. Ik leau dat ik dit net oars nei foaren bringe moat en kin
□p dit moment, benammen en om't om in foarlopige saak giet
De foarsitter: Ik wol ek opmerke hear Visser, en dat hawwe wy ek yn it
kolleezje sein: Wy lusterje. Wy hawwe gjin behoefte om jûn yn débat
te gean. Wy wolle graach mieningen hearre.
De hear Visser: Wat ik sis binne dus wat oprispingen en miskien sit der
hjir en dêr net folle yn omdat ik wat spring fan it iene nei it oare,
dat is soms ek hast net oars mooglik.
Ik begjin mei dy kommisje en de wurkgroepen. Ik haw begripen dat sa't de
beliedskommisje op dit momint funksjonearretdat dat yn feite net sa giet
as men dat graach sjen woe
No kinne jo twa dingen dwaan. Jo kinne sizze: is in jier ek net te koart om
ta sa'n ûntdekking tekommen Moatte jo net langer evaluearje Jo kinne ek
sizze: as dat sa is, en dat betinken is oanwêzich by de measte fan de leden,
dan moatte jo op'e nij besjen hoe't jo in kommisje foarmje kinne.
No, dan is it yn myn eagen it bêste dat men probearret in kommisje te
foarmjen fan minsken, ta welke rjochting se ek hearre, dy't nocht ha oan
dit wurk. Dy't ferstân ha fan it meitsjen fan belied. Dy't witte wat belied
meitsjen is. Ik haw te faak preaun dat men, yn dizze wurkgroepn en kommisjes
sittende, mear ynteresse hat foar it jild dat syn as har groepearring takomt,
dan dat men yn feite tinkt oan it meitsjen fan in belied.
Jo witte dat ik earder oangeande de gearstalling fan kommisjes ek sein haw dat
ik leaver minsken sjoch dy't hert foar de saak hawwe, nochris fan welke
oriëntaesje se ek binne, mar dy't witte dêr't se mei oan de gong binne en
dy't yndied in belied metsje kinne dêr't struktueren dudlik yn merkber binne.
De wurkgroepen, sa't dy der no binne, funksionearje net goed.
Minsken dy't der ynsitte, hawwe der faak muoite mei har plak dêryn te finen
en witte op in bepaald moment net of't se der wol goed oan dogge om der
yn te sitten.
Fanut elke wurkgroep sitte minsken yn de beliedskommisje. Se soene earst
advysearjend wêze en hawwe leter stimrjocht krigen.
Ik tink dat dat in ferhipt muoilike saak is. Wy witte wat bestjoere betsjut
as men mei twa petten rinne moat.