- 4 -
As jo as wurkgroepslid yn de beliedskommisje mei stemrjocht komme, dan
tink ik dat men yn in wriuwingssituaasje komt. Yn dy grutte beliedskommisje
moat men it gehiel oersjen en kin men, fuortkommend ut syn eigen wurkgroep,
maklik de ideeën fan dy wurkgroep bestride moatte.
□at wurdt jo yn it algemien net yn tank ôfnommen.
Ik tink, dat wannear't men tinke bliuwt oan wurkgroepen, men dy op'e nij
besjen moat, yn elts gefal sawol yn oantal as wat it stemrjocht yn de
beliedskommisje oanbelanget, dat men foar myn gefoel wat werombringe moat.
De Stifting Kultureel Wurk Ljouwerteradiel "8-86"
As ik straks krityk leverje, wol ik foaropstelle dat "8-88" as Stifting begûn
is yn in tiid, weryn yn dizze gemeente op dat mêd foar in grut part fan de
befolking in bytsje oanwêzich wie
En dat men binammen har plak op it jeugd- en jongerenwurk tige skjinmakke hat
Boppedat dat sa'n Stichting bewizen hat dat hja wat kin en faak ta foarbild
west hat en is foar oaren.
In situaasje weryn men om ynljochtings komme kin, dêr't men ek om ynljochtingen
wol west hat en fuort bouwend op dy ynljochtings, ek sels oan it wurk giet.
Dus in Stifting dy't wy bepaald yn eare hâlde moatte.
Tink ik no nei oer de Stifting en dy beleidskommisje, dan sis ik: kinne der
gjin nije taken komme foar dy beleidskommissje Wer moat men dan eigentlik
mei oan'e gong.
Hat men dan noch sinfol wurk te dwaan, of is it it utfieren fan in oantal
regleminten kwa subsidiearring ens.
Dan stiet hjir ergens yn it stik dat "8-88" in onôfhinklike Stifting is.
Dan tink ik en ik haw sein: it binne oprispingen - ja dat mei, mar aile
jildmiddels dy't "8-88" krijt komme fia de gemeente dêr te lâne.
Kinne jo no stelle dat men sa onôfhinklik is
Soenen jo ynstee en ik neam mar wat hear, fan sa'n beliedskommisje dêr't
ik it sa krekt oer hie, dat Stiftingsbestjoer fan "8-88" net herfoarmje kinne,
mei riedsleden deryn, sadat it bestjoer fan de gemeente der ek yn oanwêzich is,
om de saken fanut de gemeentlike bestjoerlike kant noch better yn oarder te
krijen, en soe dermei in grut part fan it wurk fan de beliedskommisje net
ferdwine kinne
Dan gean ik nei de saak dy't neamd wurdt op side 4, dêr't jimme sizze:
by dit ailes moat betocht wurde dat it bestjoer fan de Stifting ferantwurdlik
is foar de taakbepaling fan de Stifting.