- 5 -
Jimme hawwe niis wol merkbiten dat ik hjiroer myn bepaalde twifels haw.
Dan siz ik ja, foar de utfiering bin ik der hielendal foar, mar foar de
taken dy't men nimt feegje ik my ôf, en dat haw ik niis ek sein, of men
dêr as oerheit, sjoen it jild dat der fan de oerheit hinnegiet, net mear
sizzenskip yn ha kinne en moatte hawwe soe.
Prioriteiten
Se wurde hjir neamd, ik leau terjochte en ik haw der net safolle muoite
mei.
Sa't se hjir steane ûnder punt 3 nim ik oan dat dat net in rygje is dy't de
prioriteiten ek oanjowe.
Men neamt se gewoan op side 4 ûnder punt 3 as de prioriteiten der't om
tinke moatte.
Soe ik sels prioriteiten oan jaan moatte oan de punten dy't der steane
dan is foar my it opheffen fan safolle mooglik achterstânsituaasjes
nûmer 1, mei de punten dy't der ûnder neamd binne: wurkleazens, nauwelijks
kunnen lezen en schrijven, enz: het gestalte geven aan recht op permanente
edukatie is by my nûmer twa: toegankelijkheid, bereikbaarheid, enz. nr. 3.
Mar ik nim oan, en ik hear dat dan wol, dat hjir gjin prioriteiten direkt
ynsteanne
Foarsitter wy soenen it net te lang meitsje.
Aktiviteiten op basis van libbensskôging
Ik tink dat de kommisje in lyts bytsje fierder komt mei wat der no stiet.
Dat is in probleem dêr't de kommisje mei sit en jimme probearje dat sa mooi
mooglik te ferwurdzjen, mar ik moat earlik sizze dat ik net folle fierder
kom. Ik fyn der sels tige kryotiske dingen yn stean. It liket hast it
orakel fan Delphi, men praat mei twa tongen, en it is voor beiderlei uitleg
fetber.
As is dêr dan oan it ein fan dy aktiviteiten op basis fan libbensskôging lês:
"de betreffende aktiviteiten zullen voor het overige moeten voldoen of in
elk geval niet in strijd moeten zijn met de uitgangspunten-prioriteiten
van het Sociaal Kultureel plan", en dan lês ik dernei: "omgekeerd geldt
echter dat wanneer het levensbeschouwelijke aspekt niet voldoende duidelijk
wordt aangetoond, een aanvraag niet louter en alleen op grond daarvan moet
worden afgewezen", dan is dat foar my ailes behalve mear dudlikheid bringe.
Ik leau dat men op dizze wize yn deselde problematyk sitte bliuwt, as
dêr't men oan't no ta yn siet.