En dan sis ik persoanlik: libbensskôgingen binne der, fan hokker aard ek. Wat ûnderbrocht wurde kin by 8-88 moat dêr wêze. Mar wol men it de kommisje makliker meitsje, dan moat men de kommisje net foar 4 jier opsadelje mei deselde problemen, dy't der oan't nota ek wienen: is dit no identiteitsfersterking of is it no dat Hoefolle subsydzje moatte wy hjirfoar jaan en hoefolle dêrfoar net Kinne jimme net better ien feste regel meitsje en dudlik sizze: dat wolle wy der net yn belûke, of dat wolle wy der foar 50% yn belûke of foar 100%. As dy dudlikheid der net komt, sil de kommisje faaks op'e nij werom komme by it kolleezje, en ik tink dat it kolleezje it dan wer nei de rie bringt om der ut te kommenDan ha ik leaver, dat der in utspraak dien wurdt foar in beskaat fêst persintaazje. En dan tink ik dat myn libbensskôging oars is as dy fan Roorda. Net folslein °arswy sille it op een protte terreinen meielkoar fine kinne, mar dan sis ik persoanlik: meitsje it de minsken dy't hjirmei wurkje maklik, en kies dan mar foar 100%. Want tuskenyn liket my ferbazend mouilik en op nul wol ik net sitte, kin ik ek net sitte. Derby wol ik it earst litte. De hear Faber: Foarsitter, it is hjir yn dizze rie wol bekend dat wy as F.N.P.-fraksje altyd in enorme mouite hân hawwe mei it gearstâllen fan it Sosiaal-Kultureel Wurk yn syn omfang en yn al syn fasetten It wurk ophimsels net, dat kin sinnich wêze. *t Is mar krekt hoe't men dat opset. Mar it opsetten fan'e beleidskommisje mei de wubkgroependat frege sa n leger fan minsken: dat hie fansels konsekwinsjesDer wiene groepearringen by dy koenen har plak der net yn fine. Ik ha wolris sein, it wurdt altyd fanit iene plak nei it oare delegearre en der komt eins nea in utspraak. No it is eigenlik presys sa kommen, want dy ferhalen dy't ik hjir belustere haw, dy komme der eins op del dat men dochs de saak wat oerhelle hat en dat it wat ienfâldiger moat. Om ta ferienfâldiging fan de hjoeddeiske opset en wurkwize fan de beleids kommisje wolwêzen te kommen, is it winslik om de kommisje te bringen ta in bepaald oantal. En dat mei fan my 7 9, of miskien 10 persoanen wêze mar it komt de beslutfeardichheit te'n goede en it kostet minder presinsjejild Kinne de mooglikheden besjoen wurde om fan de kommisje in 61 b-kormiisje te meitsjen ynste fan 61 a Dat hat dan konsekwinsjes foar it presinsjejild.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1982 | | pagina 18