- 7 -
As jo dy enorme grutte kommisje hawwe dy't wy dan no hawwe, dan kostet
dat in fry wat rigoreus bedrach oan presinsjejildAs jo de kommisje
omfoarmje yn in 61 b-kommisje dan kinne jo dêr foar wei.
Ik tocht dat dat dochs wol in winsklike saak wie yn dizze tiid fan
besunigjen ôfstappe fan it idee dat aile groeperingen fertsjintwurdige
wêze moatte.
It makket de kommisje wer te grut en unwurkber.
Ik tink no noch even oan it ferliene, oan de Kulturele kommisje dêr't ik
sels yn sitten ha. Ik leau dat yn augustus '80 de kulturele kommisje opheven
is, dat wie de iennichste riedsfergadering dy't ik yn dy 8 jier mist ha.
Dat haw ik dochs in frij grutte ramp fûn, krekt dy kulturele kommisje wie
gearstald ut minsken ut ûnderskate lagen fan de befolking mei wat riedsleden.
De hear Visser doelde hast ek al op dy foarm. De kulturele ried hat altyd
effisient wurke en ek it inderekst.
Dat wie begryplik en foar elkenien ek befoardelik. Yn dy geast en dy stelling
soe ik it graach wer hawwe wolle.
De wurkgroepen kinne wol opdoekt wurde, om't se no al op non-aktyf steane.
Der is gjin wurk foar. As is needich blykt te wêzen mei der om my in lytse
kontaktgroep komme per doarp, doarpsbelang of hoe dan ek.
Mar ik leau wol dat hjir noch even te min tocht wurdt oan de betrokkenheid fan
us doarp. We prate hjir te folle oer 8-88 en oer Stiens. Mar de doarpen hawwe
har eigen winsken.
As jo dêr mei yn kontakt stienen mei in kommisje, sa't ik krekt al ferhelle
haw, fan in man of sân, acht, njoggen, tsjien en as der dan lytse wurkgroepen
yn de doarpen wienen dêr't men him mei ferstean koe, dan tocht ik dat men in
suverder en reëler belied krige fan wat der fbar hiel Ljouwerteradiel befoarderlik
is. Dan fielt men har der ek mear by betrutsen dan wannear't men de yndruk
hat, dat it allinnich om 8-88 en om Stiens giet.