Stiens, 18 augustus 1982,
Underwerp
RiedsgearKomste
□an de
gemeenterie
Hjirby noegje ik jimme ut de riedsgearkomste fan de 26e augustus 1982
by te wenjen.
De gearkomste wurdt hâlden op it gemeentehûs te Stiens en begjint om
19.30 oere.
De boargemaster,
H. Boschma
Nr. fan de
wurklist
WURK.LIST
Nr. fan it
utstel
1Fêststelling fan de beslutelist fan de riedsgearkomste fan de
8e july 1982.
2. Ynkommen stikken en meidielings. 82/85
3. Utstel by in aanfraach fan it bestjOr fan de feriening foar Kr.
Nat. Underwiis te Britsum om meiwurking foar de oanskaf fan
ferskate leer- en helpmiddels foar de beukerskoalle "De Sprong"
en de legere skoalle "de Foarikker". 82/86
4. Utstel oangeande it ferlienen fan in oanfoljend ekstra kredyt
foar de Master Hoogeveenskoalle te Stiens. 82/87
5. Utstel oangeande it ferlienen fan in ekstra kredyt oan de Juffer
Akkeskoalle, de Juf Wartenaskoalle, 't Pikepâltsje en de iepen-
biere legere skoallen meiinnoar. 82/88
6. Utstel oangeande it beskikber stellen fan in kredyt foar de
ynrjochting fan de iepenbiere skoalle yn d'Orient te Stiens. 82/89
7. Utstel oangeande it oankeapjen fan groun foar it réalisearjen
fan it bestimmingsplan Hijum II fan de hear R. Spoelstra en de
Stifting Doarpshûs Hijum/Feinsum. 82/90
8. Utstel oangeande de fragelist ynsake nijbou en fernijbou 1983 82/91
9. Utstel oangeande it opheffen fan de foarrangssituaesje oan de
Aldlânsdyk te Stiens. 82/92
10. Utstel oangeande de nota ynsake de mooglikheit ta bistriden
fan de wurkleazens troch de gemeente. 82/93
11. Utstel oangeande it oanpassen fan de noarmstelling bydrage oan de
Stifting Mienskiplik Wurk Noard West en Midden Fryslân en de
ôfrekkening mei dizze Stifting oer de jieren 1978, 1979 en 1980. 82/94
12. Utstel oangeande it beskikber stellen fan in kredyt foar it
opmeitsjen fan plannen foar it utwreidzjen fan it gemeentehûs. 82/95
13. Utstel oangeande it jaan fan in namme oan in strjitte yn Stiens. 82/96
14. Utstel oangeande it foarriedich fêststellen fan de gemeente-
rekken 1978. 82/97
15. Utstel oangeande it wizigjen fan de oardering ynsake it ferlienen
fan studzjefasiliteiten82/98
16. Utstel oangeande de finansiering fan de bou fan de nije bibleteek
(wurdt neistjûrd). 82/99
17. Begruttingswizigings
Op de siktary lizze de stikken mei yngong fan de 23e augustus 1982 foar
de leden fan de rie op besjen.